In ferslachje fan it Friesendroapen 2025


It Friesendroapen fan it ôfrûne wykein fan 23 oant 25 maaie (2025) yn Helgolân is goed slagge. Sa’n twahûndert dielnimmers út ‘noard’, ‘east’ en ‘west’ ha bydroegen ta it feestlike evenemint. Goed sechtich minsken dêrfan kamen út Westerlauwersk Fryslân, foar it grutste part mei de bus fan Birwa Tours út Damwâld.

Dat Friesentreffen fynt sûnt 1962 alle trije jierren op Helgolân plak, en alle kearen, lykas no, yn in noflike ynformele sfear en mei in ôfwikseljend programma. De organisaasje lei foar dit jier by de Eastfriezen ûnder lieding fan Arno Ulrichs. Yn it programma bleau genôch romte oer foar ynformele petearen mei oare dielnimmers en foar útstapkes yn ‘e frije natoer fan it boppelân, wêr’t de ginten en seekoeten om in hinne fleane.


Tradysje en eigen tiid

Tradisjonele ûnderdielen koe it fansels net sûnder. Der wiene bygelyks folksdûns-ploegen út Helgolân, Noard-Fryslân, it Sealterlân en Hylpen, en sels in alleraardichste workshop folksdûnsjen op sneontemoarn op it skoalleplein fan de James-Krüse-Schule. Yn ‘e tradisjonele tsjerketsjinst op sneintemoarn kamen de aktuële tema’s frede, ienriedigens en gearwurking oan ‘e oarder. Christoph Schmidt, yn it deistich libben bekend as foarsitter fan it Nordfriisk Instituut, liet yn dy tsjinst syn talinten as ‘jazzy’ oargelspiler hearre.

Fan ‘e oare kant kaam de aktuële stân fan saken yn ‘e wittenskip likegoed oan bar, en dat gegeven is – at je ’t goed besjogge – likegoed in tradysje by it Friezetreffen. Han Nijdam fertelde op sneontemoarn oer feit en fiksje om kening Redbad hinne. Redbad is yn in ieuwenlange rige fan leginden as kristen-likegoed-as-antykristen en as held likegoed-as-smjunt ôfskildere. (Bekend is it ferhaal dat Redbad him dope litte soe, mar op it lêste momint syn foet fan it font weromluts.) In portret fan Redbad is yn Medemblik te sjen. Op Helgolân is in sabeare Redbad-wetterput (de Sapskiil), dat syn rom en eare is dêr ek net ûnbekend. Takomme jier hat it Fries Museum in útstalling oer Redbad en foar de leafhawwers is de Redbad-special fan De Vrije Fries jiergong 2020 op it ynternet te finen.


Taal en muzyk

De measte farianten fan it Fryskje buorkje stadich achterút, it is net oars. It kaam fandatoangeande as in bysûndere gelegenheid dat Henk Wolf yn syn praatsje oer de fariëteiten fan it Frysk in eintsje tiid ynromme foar Eva Waltemath, ien fan de lêste sprekkers fan it Halunder (en boppedat ien fan de Halunder folksdûnsers yn dat wykein). Eva lies stikjes út in berneboek foar.

Sabine Hermann song yn it Eastfrysk ‘Platt’ fan har hert, dat neffens har sizzen oarspronklik net har eigen taal is mar dy fan har âlden. Sonja Carsten fan it Helgolanner duo Noctiluca liet mei har swietlûdige stim in tal Dútsktalige lieten fan James Krüss hearre. It muzykduo Kasper (Wiebe Kaspers en Richard Riemersma) berikte lyksa’n heech nivo en ferraste mei in Frysk liet yn in Noardfryske oersetting fan Helen Christiansen, dy’t beide talen yn ‘e macht hat. De beide mannen koene har net foar in tajefte weiwine. In famke út ‘e seal stelde it liet In nije dei fan de Kast foar, en it fersyk waard fuort ynwillige. In goed fyftich Westerlauwerske stimmen song út alle macht mei. Sokssawat hiene de oare Friezen net alle dagen meimakke!

Fierders twa Halunder shanti-koaren en Christiane Bodenhagen, dy’t de seal in moaie gelegenheid joech om tuhuupe te schungen mei har Noardfryske lietsjes.


Plannen en diskusjes

It Friesendroapen biedt fansels gelegenheid om plannen en ideetjes te bepraten. Ien fan dy plannen is de saneamde Straße der Friesen. Dat is in (op priemmen te setten) toeristyske rûte by de Noardseekust lâns, dy’t tal plakken ferbynt dy’t mei de Fryske wrâld fan juster (en ek wol hjoed en moarn) te krijen hawwe, bygelyks taal, bediking, stinzen en staten, kleasters en sa mear. Betinkers binne Han Nijdam en Alfred Plantinga. Soartgelikense plannen hawwe der yn it ferline ek al west (fertelt Arno Ulrichs, bygelyks). In nij ilemint is wol dat dit plan gearhinget mei dat fan in eksposyjse en in temapark oer Magna Frisia – dat binne de Fryske Lannen fan de midsiuwen. Diskusjepunten binne ûnder oaren: de fraach wa’t de foarstap nimme moat, de lettere skiednis (bygelyks it keatsen), ‘workshops’ âlde ambachten foar de jongerein en de nijste ynsichten oer skieppewol en sulverjild yn it ferline.

In oar plan is dat fan in ynterfrysk kultuerparlemint. Achter de tafel sieten Arno Ulrichss (foarsitter), Sybilla Nitsch (Sleeswyk-Holstein), Steffen Haake (Ostfriesland) en Eke Folkerts (Fryslân).

Minsken yn ‘e seal seagen foardielen. Mar guon oanwêzigen stelden de fraach (alwer) wa’t dan de foarstap nimme moat. In nij ynstitút kin ommers in lege húl wurde en in besteande groep lykas de Friesenrat kin in legitimiteitsprobleem ûnderfine, want wa fertsjintwurdiget wa yn dat gefal? Ferskate oanwêzigen fregen har ek ôf wat de ‘pine’ is dy’t mei sa’n parlemint ferholpen wurde moat. Sokke fragen kamen by ferrassing net allinnich fan de Friezen út de trije wynstreken, mar ek fan toeristen dy’t ‘tafallich’ yn ‘e buert wiene. Wat bewiist dat it Friesendroapen sels ek soks as in toeristyke attraksje is foar oare oankommelingen.


Alles meiinoar

Alles byinoar hat it in moai wykein west. Lytse tebeksetters lykas de twa ferwiksele koffers fan freed en it suterige waar op sneintemoarn koene it spul net bedjerre. It wie oars wol in nuvere tebeksetter dat ien dielnimster by it ferlitten fan de boat stroffele en ien of mear ribben stikken hie. Fierders hie de Hylper dûnsgroep, by de tsjinst op snein, as ferrassing in boekje oer Hylper dracht oan de organisatoaren oanbean.

Foar 2028 sil de ‘Westfryske’ Rie by libben en wolwêzen de organisaasje yn hannen nimme.