Ynterfryske frouljusmoeting 10–13 septimber 2024 yn Ihlow / Ostfriesland
>> De frouljusmoeting waard mei mooglik makke troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân <<
Tiisdei 10 septimber
Foar de tsien froulju út Westerlauwersk-Fryslân, wat foar ús fansels gewoan Fryslân is, wie it net iens sa’n lange reis nei Ilhow. Op healwei moeten wy inoar yn Súdbroek, om dêr by Van der Valk mei-inoar yn de kunde te kommen, en in hapke te iten.
Doe’t wy om healwei trijen yn Ilhow oankamen, reinde it. Mar de ûntfangst yn it “Rathaus” wie sa hertlik, dat dat gau fergetten wie.
Boargemaster Arno Ulrichs, ek foarsitter fan de Ynterfryske Rie en foarsitter fan de Fräiske Räid (de Fryske Rie yn Ostfriesland) die der alles oan, om syn gasten fiele te litten, dat er bliid wie mei har kommen. En fansels naam er de gelegenheid te baat om it ien en oar oer syn gemeente te fertellen en sjen te litten oan de hân fan filmkes. Letter kaam Arno ek noch in pear kear del, deselde jûns noch en by it moarnsbrochje op de lêste dei. Tige belutsen!
Us waard útlein, dat se yn Ostfriesland in echte teeseremoanje hawwe. De East-Fryske teekultuer is yn 2016 as ymmaterieel erfgoed troch de UNESCO erkend. In (wyt) klûntsje yn it kopke, dêr de tee op, harkje nei it knappen fan it klûntsje. Dan mei in rjemmeleppeltsje de rjemme der opdrippe, tsjin de klok yn. Alles kalm en stadich, men moat der fan genietsje. Dan net riere mei it leppeltsje, it leppeltsje komt net earder yn it kopke, as datst genôch tee hân hast. As de rjemme ferdield is oer de tee, kin der dronken wurde. Earst priuwst de rjemme, dan de tee, en as lêste komt it swiet fan it klûntsje. It sprekt fansels, dat der ek spesjale tee brûkt wurdt, der wurde echte teeblêden brûkt, en net samar in pûdsje fan it ien of oar.
Foar ús in hiele nije manier fan teedrinken, mar it hat wol wat!
De froulju út Nordfriesland wiene wat letter as de bedoeling wie, mar ek dy acht froulju kamen noch teplak en sa koene wy mei-ompar op de foto op de trep yn it Rathaus, mei Arno Ulrichs fansels!
It Gästhaus wie tichteby, en dêr koene wy allegearre ús keamer opsykje, wol of net dield mei in keamergenoate. Alles kreas en skjin, mei in goed bêd om op te sliepen.
Yn “Café am Ihler Meer” stie it jûnsmiel al klear. Neffens Dútsk gebrûk grutte schnitzels. Mar it foel der wol yn.
De jûn waard ôfsletten yn in sealtsje yn it Gästhaus, mar de measte froulju hiene har nocht wol, dus let waard it net.
Woansdei 11 septimber.
Nei it moarnsbrochje (wat smeitsje dy Dútske hurde broadsjes dochs altyd folle lekkerder as dy fan ús hjir yn Fryslân) waarden de auto’s opsocht om nei KZ-Gedenkstätte Engerhafe te gean. Der wie in rûnlieding yn it Nederlânsk en yn it Dútsk, dat wie kreas foarinoar.
Fan de hjerst fan 1944 ôf waarden de barakken, dy’t yn it doarp Engerhafe stiene, en brûkt waarden om minsken te herbergjen, dy’t tewurk steld wiene, foardere troch de SS. Der kaam stikeltried omhinne en der kamen sa’n 2000 finzenen, dy’t wurkje moasten oan de saneamde “Friesenwall”. Der moasten djippe sluven groeven wurde, dy’t de tanks fan de alliearden tsjinhâlde moasten.
Alle dagen kamen der finzenen út it konsintraasjekamp Neuengamme, dy’t in stikje mei de trein moasten.
Fan de 2000 manlju dy’t yn Engerhafe telâne kamen, binne der 188 stoarn. Hja binne begroeven op it tsjerkhôf fan Engerhafe, letter binne sommigen noch wer opnij begroeven yn eigen omjouwing.
Sûnt maaie fan dit jier is der yn de âlde pastorij fan Engerhafe (it âldste gedielte is fan 1300!) in útstalling oer dy perioade. Der binne hast gjin spoaren mear te finen fan it ferline, útsein dan de grêven op it tsjerkhôf en in tinkstien. Mar op dizze manier komt it ferline hiel tichtby, en it wie hiel yndruk meitsjend om dit te sjen en te ûnderfinen.
It ûnminsklike wat dizze mannen meimakke ha, it wurkjen yn wietens, kjeld, want it wie hjerst en winter. Hast gjin klean op en oan, lang net genôch iten, in panne wetter dêr’t in jirpeltsje yn dreau, wat foar “sop” trochgean moast. In stikje bôle, dêr’t noch wat fan sjem as woarst op siet as se gelok hiene. Yn Neuengamme moarns 4 oere fan ’t bêd, oeren op appèl, dan de reis nei Engerhafe.
Minsken dy’t it oerlibbe ha fertelden, dat se de treinreis it noflikst fûnen, dan koene se even sitte.
Ferhalen oer deaden, dy’t meisleept waarden om’t se wer “op appèl” moasten, der waard teld en der mocht net ien ûntbrekke...Letter de boereweinen, dy’t de deaden ophellen.
It binne ferhalen dy’t ús ek no noch altyd djip reitsje, mar se meie net fergetten wurde.
Allinne dêrom is it belangryk dat útstallingen as dizze der binne, en dat der harke wurde kin nei de ferhalen, hoe ferskriklik ek.
Yn de grutte tsjerke fan Engerhafe fertelde Uta Mansholt, fan de organisaasje fan de Frouljusmoeting, en lid fan de Fräiske Räid, ús fan alles oer wat dêr te sjen is. In prachtich trijelûk, in hiel bysûnder doopfont. Se fertelde ek, dat de tsjerke yn earder tiden noch folle grutter west hat, 60 meter lang. Wat oanjout, dat Engerhafe in ryk plak wie. Wat mear jild, wat grutter de tsjerke!
Wylst wy yn de tsjerke wiene, kaam der in tongerbui oer ús hinne. Mar wy hiene in goed plak…
Foar it middeismiel setten wy ôf nei Moordorf. By “Herberts” stie der in buffet klear mei fleis, hin, jirpels, jirpelkroketten en allerhande griente. En dat lieten wy ús goed smeitsje!
Middeis wie it tiid foar in oar stikje skiednis, wat soms ek net al te fleurich is. It Moormuseum fertelt fan it swiere libben, dat generaasjes minsken hjir op de “Moor” hân ha.
It iepenloftmuseum lit sjen, hoe’t se yn in plaggehutte begongen, om it feangebiet te ûntginnen, en om turf te stekken. Doe’t se op de liemlaach kamen, koene de húskes fan liem makke wurde, en noch wer letter kaam der bakstien om it liem hinne. Sa stadichoan koe der dus foarútbuorke wurde, mar it folk fan de “Moor” is altyd lytsachte en waard skoudere troch de omjouwing. En dat duorre oant djip yn de tweintichste iuw!
Foar ús net ûnbekend fansels, ek wy kinne de ferhalen fan it “heidefolk”, dy’t ek noch net sa lang achter ús lizze!
Der wurdt sein: “Dem Ersten der Tod, dem Zweiten die Not, dem Dritten das Brot”. Mar dat is wol oer sa’n 200 jier útsmard, dus foar fierwei de measte minsken dy’t hjir wenne en arbeide ha, wie it “Tod”of “Not”.
Grut is dan ek de tsjinstelling, as men as ôfsluting wer oan de tee sit, mei in hearlik stik gebak, opnij de teeseremoanje!
Yn it moaie winkeltsje fan it museum waarden ek noch troch ferskate froulju ynkeapen dien.
In tige slagge dei, wat my oangiet. It ferline mei dan wol achter ús lizze, mar it hat weardefolle ferhalen, dêr’t wy ek hjoed-de-dei noch fan leare kinne.
De trije froulju, dy’t út Fryslân, in dei by ús op besite wiene, Akkie Lindeboom, fan de Fryske Rie, ús kontaktpersoan fan de frouljusmoeting, Gelkje Schotanus, ek fan de Fryske Rie, en Pytsje de Graaf, âld-foarsitter fan de Fryske en Ynterfryske Rie, gongen wer nei hûs. Saapke Miedema fan de
Fryske en Ynterfryske Rie en har freondinne Joke Blokker wiene ek de moarns kommen, mar bleaune noch twa nachten oant en mei de ein fan de frouljusmoeting.
It jûnsmiel wie wer yn “Café am Ihlermeer”. De bernepizza’s smakken bêst, mar wiene foar in grut oantal froulju ek noch te grut…
Nei sa’n dei is der net folle ferlet mear, om jûns noch fan alles út te finen. In diel fan de froulju kaam net mear fan de keamer ôf, al wiene der ek in oantal, dy’t de kuierskuon noch efkes oan diene. De measte ljochtsjes gongen op tiid út…
Tongersdei 12 septimber.
Nei wer in hearlike Frühstück yn it kafee in nije dei mei in protte nijsgjirrige dingen.
Moarns setten wy ôf nei Aurich foar in besite oan it “Landschaftshaus”. Dêr waarden wy ûntfongen yn in ymponearjende seal, fansels wer mei tee, en, wat der ek by heart, de rezine/krintebôle.
Troch in tige entûsjaste meiwurkster waarden wy ûntongen en dr. Haiko Suhr, direkteur fan de Biblioteek en meiwurker fan de Ostfriesische Landschaft, waard ús fan alles út de doeken dien oer de “Ostfriesische Landschaft”.
Dat it net allinne giet oer “lânskip”, sa as wy dat fertale soene, die al gau bliken. De hiele bestjoerlike ûntsteansskiednis kaam foarby. Krekt sa as hjir by ús is it ek begongen mei trije groepen dy’t bestjoersrjocht hiene: de adel, de boargers en de boeren. It Eala Frya Frisena wat wy kenne, wie ek yn Eastfryslân fan belang. Dat hat hiel lang trochspile. Yn 1678 krige de Ostfriesische Landschaft sels noch in eigen wapen fan keizer Leopold 1, mei dêrop in ridder mei in beam op de Upstalsboom. Dy heuvel is it symboal fan de Fryske frijheid. By de Upstalsboom kamen al yn de Midsiuwen de ferskillende Fryske folken by inoar om rjochten en frijheid te fersterkjen.
Letter rekke dat yn ûngebrûk, mar yn it begjin fan de 19-de iuw waard der nij libben ynblaasd.
En sa bestiet de Upstalsboom noch altyd en komme de Friezen út alle kontreien op de tiisdei nei de Pinksterdagen by elkoar op dat plak.
Fansels hat de polityk him ek yn Ostfriesland oanpasse moatten oan nije tiden. Mar noch altyd is de Ostfriesische Landschaft ferantwurdlik foar kultuer, wittenskip en oplieding en ha se har fertsjintwurdiging yn it parlemint.
Op allerhande wize wurdt der wurke om it ferline sichtber te meitsjen, mar ek om in goed funemint te bouwen foar de takomstige generaasjes.
Wat ek net ûnbelangryk is: de taal kriget ek in protte omtinken, it “Plattdüütsk” driget te ferdwinen, en ek dêr wurdt fan alles oan dien om it tij te kearen.
De skiednis wie ek yn dit gebou dúdlik werom te finen yn al de skilderijen fan bestjoerders, mar ek yn in neistlizzende seal, fol mei taastber ferline.
Nei dit ferhaal oer doe en no, wie elk frij om te gean en te stean. Nei in koarte besite oan de biblioteek giene wy mei syn fjouweren nei de Upstalboom, om sa dizze moarn “yn styl” ôf te sluten.
Foar de middei stie “Klosterstätte Ihlow” op it program.
Op de kuier derhinne, fan it parkearterrein ôf 800 meter, wie al in keunstútstalling te sjen.
Boppe ús holle seagen wy allerhande teksten oer de “Fryske frijheid”. Dat keunstwurk jout de ferbining oan, dy’t de frije Friezen hiene mei de Sistersiënser muontsen, dy’t sûnt 1228 op it kleaster wurken en wennen.
Fan it kleaster is net folle oerbleaun, ek al wie it ien fan de wichtichste yn it noarden. Us “eigen” kleaster Claarkamp yn Rinsumageast wie ek ien fan dizze Sistersiënser kleasters, mar wy koene yn de útstalling sjen, dat dit hiel wat lytser en beskiedener wie as dat fan Ihlow.
Op it plak fan it alter is in rekonstruksje makke yn stiel fan it âlde kleaster. Hiel ymposant. Yn Fryslân ha wy yn Wytmarsum it meniste kontoeretsjerkje, mar dit is wol fan in oar kaliber!
Hiel moai is de útstalling mei de opgravingen ûnder dizze stielkonstruksje.
Wy waarden opnij meinommen de skiednis yn, dizze kear it rike roomske libben yn de midsiuwen. Uta wist ek hjir in protte fan, en besocht ús yn it Nederlânsk dêr alles fan te fertellen.
Persoanlik fûn ik de “stilteromte” op it plak fan it alter hiel moai. Wy ferbûnen ús dêr letterlik mei-inoar, troch elkoar de hân te jaan en even stil te wêzen. Spontaan klonken der noch in pear lieten. Sa’n omjouwing docht dochs wat mei minsken.
Foarôfgeand oan de rûnlieding yn it eardere kleaster, hiene wy ek al wer oan de tee mei gebak west, ek dat wie hjir tige ynoarder.
Der wie eins te min tiid om alles goed te besjen, sa hat mar in part fan de froulju yn de tún west.
Mar wa wit, komt der nochris in nije kâns. It wie ek hjir de muoite wurdich.
Oan alles komt in ein, en de pasta wachte yn it “Café am Ihlermeer”. Opnij lieten wy it ús goed smeitsje, en dêrnei koene wy ús opmeitsje foar de lêste jûn mei elkoar.
Der wie in ferrassing regele: Ilse Macclean siet klear om ús te fermeitsjen mei har sjongen en spyljen. Dat spyljen die hja op ferskillende ynstruminten: gitaar, juccalilla en akkordeon.
De ferskes wiene oer it algemien humoristysk, mar ek it wat “serieuzere wurk” kaam foarby.
It duorre eins fierstente koart, wat mysels oangiet hie se de hiele jûn wol sjonge mocht!
Mar ja, lokkich hiene wy ús eigen muzikant ek mei. Jetske Anema helle har akkordeon foar it ljocht. Der wiene sjongmappen fan har en fan Fokje Boersma, en sa koene wy in oantal Fryske lieten hearre litte oan de Ost- en Nordfriezen. Fansels wiene der meisjongers, sa as de “Drunken sailor” en “My Bonny”. En it liet “Dêr’t de Noardseeweagen spiele oan it strân”, bliek ek in liet te wêzen, dat yn de oare Fryslannen bekend is. Al hie ik it idee, dat de measte Westfriezen” dit liet net mear sa yn it ûnthâld hawwe...
Al mei al wie it in gesellige jûn, mar ek no waard it net hiel let. De yndrukken fan sa’n hiele dei meitsje, dat men syn nocht wol hat op in gegeven momint.
Freed 13 septimber.
Ja, en dan komt it ôfskied. It giet dochs altyd wer hurder om as dat men tinkt.
Nei noch in lekker moarnsbrochje wie it koffers pakke en keamers opromje.
Ofskied nimme fan froulju, dy’t nei in pear dagen dochs wol eigen waarden. De iene wat mear as de oare fansels. Eins binne twa dagen dan ek te koart. Tsjin de tiid, dat men nei hûs giet, wurdt it praten mei elkoar en de kommunikaasje yn it Dútsk flotter en better…
Mar dat is destemear in reden om oer twa jier opnij nei de Ynterfryske froulju’s moeting te gean, ek al moatte wy dan “hielendal” nei Nordfriesland.
Ik sjoch der al nei út!
Aeltsje de Groot-Zantema