Filmhûs Slieker en it EBLT sille op sneon 21 febrewaris de film Amrum fertoane. (Plak: Slieker, Wilhelminaplein Ljouwert, yn it Fries Museum.) Dat is nei oanlieding fan de ynternasjonale de fan de memmetaal.

Amrum is in eilân yn Noard-Fryslân, tichtby de grins mei Denemarken. Dêr spilet de film, yn it lêste jier fan de Twadde Weâldoarloch. Nanning, in jonge fan tolve jier, stiet syn mem by om yn in tiid fan earmoed en krapte troch de tiid te kommen. As de oarloch op syn ein rint, wurdt dat ek de ein fan Nanning syn bernewrâld.  

Yn de film wurdt - njonken it Dútsk - ek it pleatslike Noardfrysk fan it eilân praat. In taal dy't histoarysk besibbe is oan it Westerlauwersk Frysk (en Hylpersk, Aastersk en Eiloundersk) yn ús provinsje.

Henk Wolf, kenner fan it Noardfryslân en it Noardfrysk, sil de ynlieding by de film hâlde.  

Hiene jo al in oare ôfspraak foar dy deis? Gjin noed. De fertoaning fan 21 febrewaris is in foar-première. Fan 19 maart ôf ha jo in twadde kâns. Dy moatte jo net fersitte, fansels.