Ben Wester fan it Westfries Genootschap hat koartlyn in filmke fan it njoggende 'Friesendroapen' op Helgolân fûn, datearre op 18 juny 1986.
It is item fan it doedetiids bekend tillevyzjeprogramma Van gewest tot gewest. It trijejierlikse Friezetreffen droech doe noch de namme fan "Sternfahrt der Friesen".
De link - mei tank oan Ben Wester - is: https://schatkamer.beeldengeluid.nl/serie/2101608030021575731/van-gewest-tot-gewest/aflevering/210160806004740623
Mear ynformaasje oer dit filmke folget nei alle gedachten ynkoarten.
[Foto: Minderheitenrat]