De fotograaf Sipco Feenstra is op 11 septimber 2025 ferstoarn.
Feenstra seach al sykjend oant syn each foel op wat spesjaals: in moaie ljochtynfal, in komposysje fan linen, of in bysûnder minsk. Sjen dêr't sykjen ophâldt.
Hy makke lange tochten by de Waadkust del. Mei syn lisfyts bereizge er de trije Fryslannen ('ús Fryslân', Ostfriesland en Noard-Fryslân by de Deenske grins).
Dat smiet him dêr twa eksposysjes op. Ien op it Waadeilân Söl (Sylt) en ien yn it stedsje Bräist (Bredtstedt).
Sipco Feenstra is 61 jier âld wurden.