‘Us’ Han Nijdam, wittenskipper by de Fryske Akademy, hat it âldste Fryske boek ‘Freeska Landriucht’ fan 1485 oerset yn it Ingelsk en it is no op papier en digitaal te krijen yn in nije twatalige útjefte. Tige nijsgjirrich foar leafhawwers fan it Aldfrysk en (rjochts-)skiednis.
Hjir stiet mear ynformaasje oer Han syn ynterfryske útjefte ‘Freeska Landriucht / Frisian Land Law’: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/1209348/aldste-printe-fryske-boek-freeska-landriucht-presintearre-mei-ingelske-oersetting