Yn de Bundestag yn Berlyn is 2 maart 2023 hast in oere oer it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen praat n.o.f. it 25-jierrich jubileum fan it ferdrach. 

De parlemintariërs waarden by dy gelegenheid oanmoedige om net allinnich oer mar ek yn minderheidstalen te praten en dêr waard wiidweidich gebrûk fan makke. Astrid Damerow (CDU) en Stephan Seidler (SSW) lieten ek Noardfrysk klinke en der wiene ek in soad bydragen yn it Plattdeutsch, ek yn de Ostfreeske fariant dêrfan. Alle is werom te sjen op de website fan de Bundestag.

Op it webstek fan it Seeltersk Kontoor fan Henk Wolf stiet in frij wiidweidich ferslach fan wat der besprutsen is.