Fan 10 oant 13 septimber 2024 organisearret de Fryske Rie wer in ynterfryske frouljusmoeting. De organisatoaryske karre fan dat twajierlikse barren wurdt diz’ kear lutsen troch de Friesenrat Sektion Ost, dy’t offisjeel yn it platdútsk de “Freeske Raad”hjit en yn it Saterfrysk de “Fräiske Räid”. It programma wurdt publisearre yn maart. No al bekend is dat de froulju ûnderbrocht wurde yn Gästehaus am Ihler Meer.


Dielname stiet iepen foar froulju út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân. Utnûging en mooglikheid om op te jaan wurdt ferwachte yn de maitiid fan 2024. Hâld dit webstek yn ‘e gaten of mail nei sekretariaatfryskerie@gmail.com.