Op in drokbesochte steatemerk waard woansdei 5 juny troch in soad organisaasjes protestearre tsjin besunigings op taal en kultuer. Stifting Fryske Rie wurdt ek troffen en Gerard de Jong fan it EBLT wie mei út namme fan de Fryske Rie op ‘e steatemerk oanwêzich. De reaksje fan de Fryske Rie op de oankundige besunigings is begjin juny stjoerd nei alle leden fan it Kolleezje fan Deputearre én Provinsjale Steaten. Hjirûnder it brief. Op de foto in ympresje fan de steatemerk.

Foto: @Omrop Fryslân, Ronnie Porte


Provinsje Fryslân
Oan de leden fan Provinsjale en Deputearre Steaten
Postbus 20120

8900 HM  Ljouwert

 

 

Ljouwert, 3 juny 2024

 


 

Underwerp: Fryske gearwurking makket Fryslân sterker yn Europa

Achte steateleden,

 


 

Net eltsenien wit it, mar Fryslân is gâns grutter as de Nederlânske provinsje Fryslân. Der binne ommers ek Fryslannen yn Dútslân. It giet om krekt te wêzen om Ostfriesland yn Nedersaksen en om Nordfraschlönj/Nordfriesland yn Sleeswyk-Holstein. Der binne in soad saken dy’t dizze Fryslannen mienskiplik hawwe as it giet om skiednis, lânskip, kultuer, taal, Fryske frijheid, Waadsee en útdagingen. Fryslân is koartsein, njonken in Nederlânske provinsje ek in Europeeske kustregio. 

Hast 100 jier lyn, yn 1925, kamen Friezen út de trije Fryslannen byinoar yn Jever foar it earste Friesenkongres. Ien fan de dielnimmers oan dat earste kongres wie, om in namme te neamen, Titus Brandsma. Even letter waard ek de Friesenrat/Fryske Rie oprjochte foar it befoarderjen fan de Fryske gearwurking as ûnderdiel fan in ‘frij en demokratysk’ Europa. Dy Fryske gearwurking libbet as in hert. It ôfrûne wykein waarden op it Friesenkongres op it eilân Sylt Saapke Miedema út Ljouwert en myn persoan, Jan Dijkstra út Hitsum (wethâlder fan de gemeente Waadhoeke), werkeazen ta deistich bestjoersleden fan de Ynterfryske Rie. It tema fan de Friesenrat / Fryske Rie foar de kommende trije jier is ‘Fryslân yn Europa’. 

It yn Provinsjale Steaten neamde foarstel om de Dútse Fryslannen aktyf te belûken by in folgjende Fryslândei yn Brussel en ek by it Fryske Dútslânbelied foel dan ek yn goeie ierde op it Friesenkongres op Sylt. Ferskate oanwêzige politisy en bestjoerders út Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein lieten fuortendaliks witte dat dit idee harren oansprekt en dat se ree binne om harren fertsjintwurdigings yn Brussel dêrby yn te skeakeljen. Under harren wie steatssekretaris Johannes Callsen fan Sleeswyk-Holstein. Earder dit jier liet ek minister Prien fan Sleeswyk-Holstein – dy’t Nederlânske woartels hat - witte wer graach kontakt hawwe te wollen mei it provinsjaal bestjoer fan Fryslân. It seit himsels dat de Fryske Rie graach ree is om dizze kontakten te dielen mei Deputearre Steaten. 

Der binne noch mear saken dy’t spylje by de Fryske Rie. Nederlân en Dútslân hawwe beide it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen ûndertekene én it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. Underdiel fan dat ferdrach is it befoarderjen en mooglik meitsjen fan kontakten tusken in minderheid dy’t yn mear as ien steat wenje, lykas de Friezen. Dit wurdt ek neamd yn it nije Bestjoersakkoart foar de Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Foar de gearwurking tusken de Fryslannen falt hjir noch mear út te heljen.

 


Wy binne dêrom fernuvere oer it foarstel fan Deputearre Steaten om de beskieden subsydzje dy’t de Fryske Rie krijt yn te lûken mei yngong fan 2026. It opbouwen en ûnderhâlden fan de kontakten mei de oare Fryslannen kostet njonken tiid ek jild. De Friesenrat yn Noardfryslân wurde rynsk stipe troch de oerheid en wurket mei beropskrêften. In beslút fan it yn harren eagen grutte en sterke Fryslân yn Nederlân om de stipe foar de Fryske Rie yn te lûken wurdt dêr net begrepen. It is boppedat yn striid mei de troch Provinsjale Steaten útsprutsen ambysje om de gearwurking mei de oare Fryslannen út te bouwen en ek mei de twa neamde ferdraggen fan de Ried fan Europa.

 


It is ús bekend dat Deputearre Steaten graach mei Fryske organisaasjes yn petear wol om te sjen oft der ek mear gearwurking mooglik is. De Fryske Rie is graach ree ta in petear, mar wy moatte dêr wol in lytse warskôging oan taheakje. Nei in tige slagge Frysk Kongres yn Dokkum yn 2022 is Fryslân yn prinsipe wer oan bar om it grutte Friesenkongres/Frysk kongres yn ús Fryslân te organisearjen yn it jier 2030. Sûnder stipe, yn hokker foarm dan ek, wurdt dat in dreech ferhaal. De kontakten tusken de Fryslannen komme yn dat senario earder op in leger pitsje te stean as dat je wurk meitsje kinne fan de op it Friesenkongres útsprutsen Europeeske ambysjes.

De Fryske Rie organisearret fierder al jierren aktiviteiten dy’t iepenbier tagonklik binne en dêr’t aardich wat minsken út ús Fryslân oan meidogge. It giet dan om saken as de jierlikse boeremoeting, de frouljusmoeting en in moeting foar lokale en regionale politisy. Takommend jier treffe Friezen út de trije Fryslannen inoar wer op Helgolân foar in wykein fol kultuer, wittenskip en polityk. 2025 is yn ús eagen in moai momint om nije ôfspraken te meitsjen foar passende stipe oan de Fryske Rie, mar dat mei fan ús ek earder. 

By eintsjebeslút noch it folgjende. Yn it bestjoer fan de Fryske Rie is in grut ferskaat oan ûnderdielen fan de Fryske mienskip fertsjintwurdige. Boere-organisaasjes, frouljusorganisaasjes, de Feriening fan Fryske gemeenten, it bedriuwslibben, tsjerklik Fryslân en de Fryske media binne allegearre fertsjintwurdige yn ús bestjoer. De kontakten mei de oare Fryslannen wurde koartsein droegen troch de mienskip. 

Mei rju achtinge,

 

Stifting Fryske Rie
Jan Dijkstra,

 

foarsitter