Yn desimber wie de prachtige FryslânDOK-dokumintêre fan de Hilgelânreis 2022 by Omrop Fryslân te sjen ‘Is hjir noch wat te rêden?’
Op it ‘Friesen-droapen’, dat eltse trije jier op it Dútske eilân Helgolân holden wurdt, komme Friezen byinoar út alle wynstreken: fan it Hollânske West-Friesland oant Nordfraschlönj oan de Deenske grins. De Fryske taal en kultuer stiet ûnder druk. ‘Is hjir noch wat te rêden?’ wie dêrom de fraach fan FryslânDOK, dat op syk gie nei in nij Frysk ferhaal.
Sjoch hjir de dokumintêre: https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/1181017/in-nij-ferhaal-foar-fryslan-foar-de-fryske-casus.
Yn opdracht fan de Friesenrat hat Andreas Ottmayer in film makke fan de Hilgelânreis yn maaie 2022. De Dútske ferzje is hjir te sjen. In Fryske ferzje wurdt ynkoarten ek noch ferwachte: