Oan it begjin fan de sechstiger jierren ûntstiene de earste oerwagingen foar in ynter- Fryske gearkomste foar alle leeftiidsgroepen. Yn 1962 wie it earste treffen op Hilgelân, dat om ‘e trije jier East-, West- en Noard-Friezen yn de betide simmer foar trije dagen nei it offshore-eilân lûkt. 23–25 maaie 2025 is it wer safier. De organisaasje wikselet om ‘e trije jier fan seksje en takom jier is de organisaasje yn hannen fan de Fräiske Räid (Sektion East).
Programma en opjaan wurdt begjin 2025 ferwachte.