15 maaie is ta grut fertriet fan tal fan Friezen frou Ilse Johanna Christiansen (70) út Bredstedt (Schleswig-Holstein) hommels ferstoarn. Ilse Johanna Christiansen wie sûnt 2013, as earste frou, foarsitter fan de Friesenrat yn Noard-Fryslân Dútslân. En út dy rol foar trije jier (fan 2021 ôf) foarsitter fan de Ynterfryske Rie, it oerkoepeljend gearwurkingsorgaan foar de Fryske minderheden yn Dútslân en Nederlân, de saneamde seksjes Noard, East en West. Earst ein maaie oankommend soe se op Söll (Sylt) wilens it trijjierliks Ynterfrysk Kongres, dat sûnt 1925 ôfwikseljend yn West-, East- en Noard-Fryslân holden wurdt, ôfgean en it foarsitterskip oerdrage oan de foarsitter fan de Fräiske Räid (Sekje East).

Ilse Johanna Christiansen wie o sa beflein en tige aktyf foar it Frysk. Tal fan projekten op Frysk mêd binne har ta te rekkenjen, bygelyks dat op har inisjatyf it tradisjonele Biikebrennen ta UNESCO-kultuererfguod ferklearre waard. Har siswize wie ‘Wy binne Friezen en dat wolle we ek bliuwe’.
Njonken har ynset foar it Frysk wie se ek polityk aktyf (SSW), mar ek mem en beppe, se hie har lytse beppesizzers it Noardfrysk noch sa graach leare wold. 

De Fryske Rie (Seksje West) is har tige tankber foar har grutte ynset, net allinne foar it Noard-Frysk, mar ek foar oare minderheden en ek foar Westerlauwersk Fryslân. Sa hat se in tal jierren lyn út namme fan de Ynterfryske Rie in petysje ôfjûn op de Nederlânske ambassade yn Berlyn, tegearre mei har jongste dochter Helen. De petysje wie in protest tsjin it doetiidske plan fan steatssiktaris Sander Dekker (VVD) om Omrop Fryslân opgean te litten yn in nije sintralisearre organisaasje foar alle regionale omroppen. 

De Friezen sille Ilse Johanna Christiansen as in markante sterke Friezinne yn it ûnthâld hâlde.


Op de foto’s: Maart 2023, it Deistich Bestjoer fan de Ynterfryske Rie foar it gemeentehûs yn Ihlow, East-Fryslân (Ilse Johanna Christiansen tredde fan links) en juny 2023 Ilse Johanna Christiansen sit de jierlikse algemiene gearkomste fan de Ynterfryske Rie yn Scharrel, Sealterlân foar