It Frysk is mear as ien taal. It is in samling fan farianten dy’t wy in ‘talefamylje’ neame

kinne. Mar hoe goed kenne we eins al dy famyljeleden? Mei dy fraach reizget

presintatrise Tjits van der Wal–Boersma nei alle hoeken fan it Fryske taalgebiet.


Yn 'e kunde komme mei de talefamylje

Yn Fier yn it rûn reizget Tjits troch hiel Fryslân en dêrbûten, op syk nei alle farianten fan de

Fryske taal. Tink dêrby oan It Bilt, Skylge, West-Fryslân, Föhr en Sylt. Se siket sprekkers fan

de taal en praat mei harren oer de skjintme en skaaimerken fan de taal, mar ek oer de steat

fan de taal. Want hoefolle wurdt der eins noch mei de taal praat yn dy gebieten?


Alle farianten ta ien liet

Under de syktocht nei de farianten is Tjits dwaande mei it meitsjen fan in liet. Se hat in liet

makke dst oerset wurdt yn de ferskate Fryske farianten. Yn de ôfleveringen siket se

sprekkers fan de taal op en sjongt se mei harren de kûpletten fan it liet. Uteinlik komt dêr in

hiel liet út, dêr't ek in fideoclip fan makke wurdt, dy’t yn de lêste ôflevering te sjen is. Sa

kinne alle famyljeleden meidwaan mei ien mienskiplik liet fan de Fryske taal.


De earste útstjoering fan Fier yn it rûn start op it Bilt. Tjits ûndersiket hoe’t it Biltsk ûntstien is

en komt derachter dat it mear is as gewoan in mjuks fan twa talen. Dêrneist docht se as

dielnimmer mei oan it Biltsk Diktee en besiket se har liet yn it Biltsk te sjongen.


Fier yn it rûn

De seis ôfleveringen fan Fier yn it rûn binne fan moandei 28 oktober ôf eltse moandei om

17.15 oere te sjen by Omrop Fryslân.