De Ynterfryske Rie organisearret in ynterfryske frouljusmoeting. Dy twajierlikse moeting is fan 10 oant en mei 13 septimber 2024 yn East-Fryslân, regio Ihlow, Aurich en Südbrookmerland.

It is in útwiksel fan froulju út de 3 Fryslannen en dielname stiet iepen foar alle froulju út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân. De organisaasje is diz’ kear yn hannen fan Seksje East fan de Ynterfryske Rie. De ynstek is om meielkoar yn ’e kunde te kommen én om yn ‘e kunde te kommen mei it “oare” Fryslân.

It hiele programma, de kosten en hoe op te jaan stiet op de webside fan Stifting Fryske Rie en op Facebook.com/FryskeRie

Ynformaasje oer it programma is te krijen by Akkie Lindeboom-Jager fia email: alindeboomjager@hetnet.nl of tillefoanysk: 0620582709.



Opjefte foar froulju dy't belangstelling hawwe om diel te nimmen, stiet no iepen. Opjaan kin by de Fryske Rie, fia e-mailadres alindeboomjager@hetnet.nl Opjaan kin ek foar in part of parten fan it programma.

Mear ynformaasje is te krijen fia neamd e-mailadres.

Tink der om der is beheind plak, fol is fol.


De frouljusmoeting is in aktiviteit fan de Ynterfryske Rie, in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard.

De leden fan de Ynterfryske Rie binne de trije Fryske Rieden en it foarsitterskip dêrfan wikselet om de trije jier. De Seksje Noard hat op it stuit it foarsitterskip oant healwei 2024. Dêrnei nimt de Seksje East dat wer foar trije jier oer. Neffens in fêst skema wurdt der om de trije jier ek in Friezemoeting op Hilgelân (Helgoland) organisearre, dat sil wer yn 2025 plakfine.