Oarekant de Lauwers wenje ek Friezen dy't in soarte fan Frysk prate. Dat is gelokkich net allinnich by de Fryske Rie bekend.
En yn ús provinsje wurde mear 'Frysken' praat as it Frysk dat wy sa neame. Eilauners (op Skiermûntseach), Aasters (op Skylge) en Hylpers bygelyks.
Tjits van der Wal (fan Tjits Floch) hat mei har ploech fan Omrop Fryslân in fleurige rige fan reportaazjes makke op plakken dêr't sokke 'Frysken' yn libben gebrûk binne.
De rige hat de titel Fier yn it rûn, mar dat sil jo bek4nd wêze.
Ien fan dy ôfleveringen giet oer it Sealterlân, dat se dêr sels dät Seelterlound neame, en dat op 'e kaart as Saterland bekend stiet.
Tjits giet op besite by Veronika Pugge fan it Seeltersk Kontoor, op it Räidhuus (Riehûs) yn Romelse (Ramsloh). Yn Cloppenburg (bûten it Sealterlân) treft se de myzykmakkers Marion Erdmann, Helga Mödden en Ingeborg Remmers fan do Ulkige Wuchtere ('de glûpige famkes').
At jo it filmke besjogge - en benammen en beharkje - sil jo fernimme dat it Sealtersk eins wol aardich nei te kommen is.
https://www.omropfryslan.nl/nl/tv/aflevering/fier-yn-it-run/1311942