út namme fan it stiftingsbestjoer fan de Slach by Warns pleatse wy hjirmei graach harren parseberjocht


---PARSEBERJOCHT--- 

Takom 28 septimber om 13:45 oere fynt de 77ste Betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif plak!

Friezen en freonen: Kom allegearre!
Friesen und Freunde: Kommt alle!
Friezen en vrienden: Komt allen!

It téma is dit jier: Frysk wêze hjoeddedei - wat betsjut dat?

Goffe Jensma, heechleraar Fryske taal- en letterkunde, nimt ús mei yn syn tinzen oer hoe lokaal wy noch binne yn de globale wrâld fan no, en hoe lokaal wy neffens him tinke en wêze wolle, kinne, doare, meie, moatte. Fierdere ynspiraasje krije wy ûnder oare mei de poëzy fan Dichter fan Fryslân Arjen Hut en mei de Fryske hiphopmuzyk fan Sample Text. Mei-inoar sjonge wy ferskate lieten en nei ôfrin is der tiid om inoar te moetsjen en mei de sprekker te diskusjearjen.

Wy sykje noch in blazersgroepke en minsken dy 't op de dei sels efkes helpe. Dêrneist bestjit it bestjoer op ’t heden inkeld út noch mar twa minsken. Entûsjaste blazers, frijwilligers en nije bestjoersleden kinne e-maile nei ynfo@slachbywarns.frl en sjoch foar mear ynfo op www.slachbywarns.frl.

It stiftingsbestjoer Slach by Warns