Yn 'e Midsiuwen kamen fertsjintwurdigers fan de ferskate Fryske lannen ienris yn it jier oer politike saken gear. Dat wie alle kearen op pinkstertiisdei.
Dy tradysje is yn ús tiid op beskieden wize fuortset.
Op 26 maaie (pinkstertiisdei) wurdt yn Aurich-Rahe de jierlikse Opstalbeam-beattinking holden. It tema is ditkear "JUgend in Friesland". De organisaase is, lykas alle keren, yn hannen fan it Friesisches Forum. Sprekkers binne Rico Mecklenburg (Ostfriesische Landschaft) en Freja Pfanne (Aurich). Sjoch:
https://www.aurich-tourismus.de/veranstaltungen/veranstaltung/26052026-1830--101273722--treffen-der-freien-friesen-zu-pfingsten
Tichter by hûs sil Vincent Robijn yn Ljouwert (De Beurs, Wurdumerdyk 34) in praatsje hâlde oer de Leechdútske ('Nedersaksische') hânskriften út de Aldfryske Richthofenkolleksje. Dat sil om 20:00 oere begjinnne (ynrin 19:30).
Mear ynformaasje is te finen by Tresoar:
https://www.tresoar.nl/bezoeken/agenda/SGL-Pinkstertiisdei-lezing-Vincent-Robijn