útnûging Boeremoeting 2.0 
In nije foarm fan moetsjen fan boeren tusken de Fryslannen

 
Yn it ferline wiene der yn de wintermoannen jierliks moetings oer mearde dagen tusken boeren út de trije Fryslannen. Tsjintwurdich binne de bedriuwen grutter en it tal wurknimmers lytser, dat we wolle  graach yn ien dei op en del. 
Yn 2023 hat der in eksperimint west mei boeren út it Dútske East-Fryslân nei ús ta. Dat hat elk skoan foldien, want de problematiken oan beide kanten fan de grins binne gelyk, wylst de oplossings wolris ferskillend binne.

In ferfolch sil plakfine op freed 5 july oankommend. Mei moarns 11:00 oere ûntfangst yn Ditzum op in feebedriuw, krekt oer de grins mei Nijskâns (Nieuweschans). Middeis sjogge wy dan by in tegelmakker en sille wy yn in noflike omjouwing de Europeeske lânboupolityk beprate en wat wy der mei-inoar oan feroarje kinne.

Graach nûgje wy jo út om op 5 july mei te gean nei de Fryske boeren yn ‘Ostfriesland’.

Wy reizgje mei eigen auto’s. De Fryske Rie stipet de boeremoeting mei subsydzje en der sil in net al te grut bedrach oan eigen bydrage frege wurde.

Mear ynformaasje en opjaan kin by de fertsjintwurdiger foar de lânbou yn Stifting Fryske Rie,

Teun de Jong

Sint Anne

Til: 06 53 65 67 95

Mail: t.s.dejong@ziggo.nl


De boeremoeting wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de Provinsje Fryslân.


Foto: groepsfoto fan de dielnimmers yn 2023