Elkenien is tiisdei 21 maaie om 18.30 oere wolkom by de jierlikse byienkomst by de Upstalbeam yn Auerk (Aurich), East-Fryslân

By de Upstalbeam bepraten de fertsjintwurdigers fan ‘e sân Seelannen de wetlike frede en bepraten mienskiplike soargen. Ta neitins dêrfan noeget it Friesisches Forum elk alle jierren de tiisdeis nei de Pinksterdagen út by de Upstalbeam. Neist de tinzen oan de midsiuwske tiden fan Fryske frijheid, rjochtet it evenemint him altyd op aktuele ûnderwerpen.

It Friesisches Forum is in feriening dy’t him ûntfermet oer de Fryske kultuer yn Dútske East-Fryslân, de gearwurking mei de Westlauwerske Friezen yn Nederlân (û.o. mei de Fryske Rie), en it Dútske Noard-Fryslân (Sleeswijk-Holstein).


Upstalsboom - Google Maps