Programma bekend en opjaan kin al (op syn lêst foar 10 maaie 2024)
De Ynterfryske Rie organisearret fan 31 maaie oant en mei 2 juny 2024 in Ynterfrysk Kongres op it
Noardfryske eilân Sylt (Söll). It programma is bekend, sjoch taheakke, en opjaan kin no al. Of by
de Fryske Rie, sekretariaatfryskerie@gmail.com of streekrjocht by Frasche Rädj/Friesenrat Sektion
Nord e.V.
Foar wa’t him/har by de Fryske Rie oanmeldt, wurdt sintraal it ferfier koördinearre.
De Ynterfryske Rie (Interfriesischer Rat) is de oerkoepeljende organisaasje fan de Fryske Rie
(Fryslân), de Frasche Radj (Noard-Fryslân Dútslân) en de Freeske Raad (East-Fryslân Dútslân). It
foarsitterskip fan de Ynterfryske Rie wikselet om de trije jier. It trijejierrich foarsitterskip fan de
Ynterfryske Rie, dat fan healwei 2021 oant en mei healwei 2024 is, wurdt tradisjoneel ôfsletten mei in Ynterfrysk Kongres.
De Fryske Rie is de Westerlauwerske ôfdieling fan Interfriesischer Rat (Ynterfryske Rie). De
Fryske Rie hat as doel it ûntwikkeljen fan de Fryske kontakten yn de breedste sin fan it wurd
(kultureel, bestjoerlik, ekonomysk, taalkundich) met help fan ynternasjonale Europeeske kontakten en troch it skeppen en ûntwikkeljen fan middels dy’t sokke kontakten tusken benammen dy fan de trije Fryslannen mooglik te meitsjen. It bestoer bestiet út in tal persoanen, dy’t ferskate sektoaren fertsjintwurdigje (sjoch webstek, Stifting Fryske Rie). It is bysûnder, dat de stifting al frij koart nei de Twadde Wrâldkriich oprjochte waard en sûnt dy tiid útwikselings organisearre hat.
20230508_ifr_sylt1.pdf