De Ynterfryske Rie organisearret fan 31 maaie oant en mei 2 juny 2024 in Ynterfrysk Kongres op it Noardfryske eilân Sylt (Söll). It programma is bekend, sjoch taheakke, en opjaan kin no al. Of by de Fryske Rie, sekretariaatfryskerie@gmail.com of streekrjocht by Frasche Rädj/Friesenrat Sektion Nord e.V.

Foar wa’t him/har by de Fryske Rie oanmeldt, wurdt as dat nedich is sintraal it ferfier koördinearre.


De Ynterfryske Rie (Interfriesischer Rat) is de oerkoepeljende organisaasje fan de Fryske Rie (Fryslân), de Frasche Radj (Noard-Fryslân Dútslân) en de Freeske Raad (East-Fryslân Dútslân). It foarsitterskip fan de Ynterfryske Rie wikselet om de trije jier. It trijejierrich foarsitterskip fan de Ynterfryske Rie, dat fan healwei 2021 oant en mei healwei 2024 is, wurdt tradisjoneel ôfsletten mei in Ynterfrysk Kongres.


De Fryske Rie is de Westerlauwerske ôfdieling fan Interfriesischer Rat (Ynterfryske Rie). De Fryske Rie hat as doel it ûntwikkeljen fan de Fryske kontakten yn de breedste sin fan it wurd (kultureel, bestjoerlik, ekonomysk, taalkundich) met help fan ynternasjonale Europeeske kontakten en troch it skeppen en ûntwikkeljen fan middels dy’t sokke kontakten tusken benammen dy fan de trije Fryslannen mooglik te meitsjen. It bestoer bestiet út in tal persoanen, dy’t ferskate  sektoaren fertsjintwurdigje (sjoch webstek, Stifting Fryske Rie). It is bysûnder, dat de stifting al frij koart nei de Twadde Wrâldkriich oprjochte waard en sûnt dy tiid útwikselings organisearre hat.


Utnûging Ynterfrysk Kongres op Sylt ‘Goede freon kom deryn’

31 maaie – 2 juny 2024                      


Bêste minsken,

De Ynterfryske Rie is in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, oftewol de trije seksjes yn West, East en Noard. 
De leden besteane út de leden fan de Fryske Rieden en it foarsitterskip wikselet om de trije jier. Seksje Noard is 
oant oant begjin juny foarsitter, dêrnei nimt seksje East it roer oer. 
Dêrmei wurdt trije jier ôfsletten mei in rige ynter-Fryske gearkomsten lykas it frouljustreffen, de Hilgelân 
(Helgoland)-reis, in bestjoersgearkomste, algemiene gearkomsten en in soad ideeën. 
Nettsjinsteande tsjinwurkjende omstannichheden sa as de koroanakrisis wolle wy sjen nei wat wy berikt hawwe 
en wêr 't wy hinne wolle.

Dat wy biede alle Friezen gelegenheid om trije dagen mei-inoar te laitsjen, te diskusjearjen en gewoan dingen te 
dwaan dy’t it bêste beskriuwe dat wy byinoar hearre yn de prachtige natuer op it Noardsee-eilân Sylt. 
Elkenien is wolkom! Op Söl'ring, dat yn it Sylter Frysk betsjut:  ,goede freon kom deryn’.

»Gur Frinj kum iin!«


Me hartelk Gröötnisen
Ilse Johanna Christiansen
Foarsitter Frasche Rädj / Friesenrat Sektion Nord en Interfriesischer Rat


Taheakke it programma en ynformaasje oer de kosten.


Ut Westerlauwersk Fryslân wei wurdt opjaan, al as net mei-inoar reizgjen ensfh. koördinearre troch

Seksje West: Stifting Fryske Rie, sekretariaatfryskerie@gmail.com

www.fryskerie.frl