Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Titus Brandsma yn Jever

De Noardfryske histoarikus Thomas Steensen hold by it jubileumkongres yn Jever fan dit jier in praatsje oer de skiednis fan de ynterfryske beweging. Dêrby waard fansels de earste moeting, hûndert jier lyn yn itselde slot Jever, net oerslein.Steensen brocht dêrby in opmerklik feitsje op it aljemint. Ien fan de oanwêzigen yn 1925 wie de wrâldferneamde sillige (1985) en hillige (2022) Titus Brandsma fan Oegekleaster (1881-1942). Brandsma ferswijde nei de saneamde Machtübernahme syn miening oer it nije Dútske bewâld net. Yn 1942 soe er yn konsintraasjekamp fan Dachau ferstjerre.(Itselde lot trof oars ek oare roomske geastliken, benammen yn it bisdom Münster, wêr't biskop von Galen him fûleinich tsjin de nije machthawwers kearde.) De Fryske beweging hat it nasjonaal-sosjalisme faker as ienris troffen, sawol op in 'goede' wize as op in 'foute' wize. (It skiedniswurk fan Gjalt Zondergeld mai bekend ferûndersteld wurde.) Steensen wiist derop dat de ynterfryske beweging him gelokkich net samar meisûgje litten hat, de seksje 'west' (westerlauwersk) yn alle gefallen net."Nach den Tagungen in Jever, Ljouwert und Husum – wo 1930 der erste Friesenrat gegründet wurde – sollte 1933 der vierte Friesenkongress im ostfriesischen Aurich stattfinden. Aber die Westfriesen lehnten es ab, in dieser Zeit nach der Machtübernahme der Nationalsozialisten an einer Tagung in Deutschland teilzunehmen. Auch ein später geplanter Kongress in Aurich wurde abgesagt – zum Glück, müssen wir sagen."Sa't bekend is, waard de karmeliter mûnts Brandsma yn 1923 heechlearaar oan de gloedglandernije Katholieke Universiteit fan Nijmegen. Yn 1938 wie er by de oprjochting fan de Fryske Akademy behelle. Dat lêste is miskien net rûnom bekend.Miskien moat der yn 'e frysksinnige rûnten mear omtinken foar Bandsma komme, mar folslien ôfwêzich is dat omtinken ek net.Liuwe Westra wie net sa lang lyn mei in lyts selskip op 'en paad yn it ramt fan "Tsjerkepaad". De kuier gong troch Boalsert, it weiwurden 'olde clooster' Bloemkamp en it 'belevingspunt' by Hartwert. Dat wie in moai earbetoan foar in hillich man.Op 'e foto fan Jever 1925 stiet Titus Brandsma as fjirde fan rjochts (mei it r^ne briltsje) yn de middelste rige.
Mear lêze...

Frysk Kongres yn Jever en it prealgrêf fan in haadling

Op freed 17 en sneon 18 oktober is yn Jever it trijejierrige Fryske Kongres (Friesenkongress) fan 2025 holden, ûnder it motto ‘hûndert jier Frysk kongres, skiednis en balâns’. Der wie in aardich ploechje minsken út (Westerlauwersk) Fryslân, Noardfryslân, it Sealterlân en Ostfriesland oanwêzich.  Thomas Steensen, grut kenner fan de Fryske beweging oan beide kanten fan de steatsgrins, kaam nei de wolkomswurden op freed foar it buordsje (foto). Tema’s wiene ynterfryske gearwurking en kultuer tsjinoer polityk. Op sneon ha de ynstituten har presintearre. Han Nijdam fertelde oer de Akademy, Christoph Schmidt oer it Nordfriisk Instituut yn Bräist en Rico Mecklenburg oer de Ostfriesische Landschaft. De oankundige sprekker fan de Oldenburgische Landschaft wie siik, dat ‘ús’ Henk Wolf waard dy moarns om tsien oere frege om wat oer it Seeltersk Kontoor te fertellen. It Sealterlân (‘Saterland’ foar de Hollanners en de Dútskers) leit ommers yn de Oldenburger omkriten. De sprekker hie fansels gjin tekst of dia’s by him, mar fan dat gemis ha de taharkers minder as neat fernommen. Foarsafier as der in reade trie yn de ferskillende praatsje te merkbiten wie, soe dat it tema fan ‘identiteit’ en ynklusy wêze kinne. It nasjonale begryp fan ‘oars neat as’ Fries, Hollanner of wat-ek te wêzen is njoggentjinde-iuwsk en ferâldere. Dat kaam benammen yn de praatsjes fan Thomas Steensen en Christoph Schmidt nei foaren. Nei it middeisskoft kaam it lêste praatsje fan it evenemint, en dêrmei ek it earste praatsje mei in bewyske fan Frysk deryn. Tessa Leppers fan de Jouwer, krekt ôfstudearre as germanist yn Oldenburg, fertelde oer allerhanne aspekten fan Fryske persoansnammen. Dêroer hat se yn in koarter bestek ek al skreaun yn Sprachen unter der Lupe. Dêr stiet te lêzen dat Noardfryske bern tradisjoneel net om-en-om nei de heite- en de memmefamylje ferneamd wurde, mar dat de heit earst komt. By wize fan útsmiter stie in útstapke nei Neustadtgödens op it programma. Dat koe net trochgean, mar wat derfoar yn it plak kaam wie gâns bysûnder. It unike prealgrêf fan de Fryske haadling Edo Wiemken wurdt optheden restaurearre. De Kongress-gongers wiene de earsten dy’t it (no noch ûnfoltôge) wurk fan tichteby besjen mochten. Dat op himsels wie de reis nei it âlde stedsje Jever al de muoite wurdich.
Mear lêze...

Frysk Kongres Jever: der is noch plak!

Programma fan it Friesenkongress yn Jever 2025Freed 17 oktober18:00Ûntfangst fan de Ynterfryske Rie yn it Schloss yn Jever (Schlossplatz 644, Jever).18:30Antje Sander fertelt oer it Schlossmuseum.19:00Begroeting troch Jan Edo Albers (boargemaster fan Jever). / Begroeting troch de plakferfangende Landrätin (van de Landkreis Friesland) Marianne Kaiser-Fuchs. / Feestrede fan Thomas Steensen oer Hûndert jier Friezenkongressen, skiednis en balâns (yn it Dútsk).Sneon 18 oktober10:00Iepening yn it Theater am Dannhalm (Schulstraße 5a, 26441 Jever)10:10Presintaasjes oer wittenskiplik wurk yn de trije Fryslannen:Fryske Akademy (Han Nijdam) / Nordfriisk Instituut (Christoph Schmidt) / Ostfriesische Landschaft (Rico Mecklenburg) / Oldenburgische Landschaft (Franziska Meifort)11:30Begroeting troch de Fryske deputearre Eke Folkerts. / Begroeting troch Falko Mohrs, minister fan wittenskip en kultuer yn Niedersachsen.12:00Skoft.12:15Lêzing fan Tessa Leppers: Sprachen unter der Lupe: Saterfriesisch und Niederdeutsch.13:00Middeisiten.14:00Utstapke nei Neustadtgödens (û.o. it museum Landrichterhaus,   oer de ferskate religieuze mienskippen yn dat plak).16:00Ofskie mei kofje yn ‘e eardere fermoanje (Mennonitenkirche Neustadtgödens). OanmeldeJo kinne jo (oant 6 oktober) oamelde by:  arno.ulrichs@ewetel.net, of: sekretariaatfryskerie@gmail.com.Kosten: 25 euro foar it hiele programma; 10 euro foar de freedsbesiters, 15 euro foar de sneonsbesiters). Oermeitsje oan Interfriesischer Rat, banknûmer (IBAN): DE81 2175 0000 0166 0541 30.Tourist-Information: tillefoan 04461-939261, mail Tourist-Info@stadt-jever.de). Oernachtsjen is moglik yn de jeugdherberch: 04461-909202; https://www.jugendherberge.de/jugendherbergen/jever/.
Mear lêze...