Fytstocht fan Noard-Fryslân nei Ljouwert
In lytse foto-ympresje fan de fytstocht fan Noard-Fryslân nei Ljouwert fan 18 oant 21 maaie 2018.
In lytse foto-ympresje fan de fytstocht fan Noard-Fryslân nei Ljouwert fan 18 oant 21 maaie 2018.
De nijsgjirrige ynlieding fan Meindert Schroor stiet hjir. Sa is it nochris nei te lêzen, op fersyk fan kongresgongers.
Wêr wenje de East-Friezen? Fjouwer bestjoersleden fan ús Fryske Rie hawwe op 9 april 2016 nei de lêzing west fan dr. Hajo van Lengen yn Auwerk (East-Fryslân). It ûnderwerp wie in besprek fan syn rapport (“Gutachten”) oer it fêstigingsgebiet fan de Friezen yn East-Fryslân. De eftergrûn fan de opdracht om dat rapport te meitsjen is…
De wurkgroep Bestjoerdersmoeting fan de Fryske Rie hat beslute moatten de bestjoerdersmoeting fan 1 o/m 3 novimber ôf te sizzen. Der binne te min oanmeldings. Tige spitich. Yn novimber wurdt yn Ynterfrysk ferbân bepraat oft de moeting eventueel noch ferskood wurdt nei gaadlike data yn 2020.
Fan 9 oant 11 septimber 2020 wie de twajierlijkse frouljusmoeting. Sektion Nord hie in moai programma gearstald, dat is ek werom te finen op dit webstek. It is in nuver jier fanwege it koroanafirus en sadwaande koene der gjin froulju út Westerlauwersk Fryslân nei Noard- Fryslân ôfreizgje. Ut namme fan Sektion Ost koene der noch…
Ynterfryske frouljusmoeting 9 o/m 11 septimber 2020 yn Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein, Dsl.) yn gearwurking mei de Ynterfryske Rie Utnûging frouljusmoeting 2020 Achte froulju, De Ynterfryke Rie is in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard. De leden binne de trije Fryske Rieden en it foarsitterskip dêrfan wikselet om…