Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Frysk Kongres yn Jever en it prealgrêf fan in haadling

Op freed 17 en sneon 18 oktober is yn Jever it trijejierrige Fryske Kongres (Friesenkongress) fan 2025 holden, ûnder it motto ‘hûndert jier Frysk kongres, skiednis en balâns’. Der wie in aardich ploechje minsken út (Westerlauwersk) Fryslân, Noardfryslân, it Sealterlân en Ostfriesland oanwêzich.  Thomas Steensen, grut kenner fan de Fryske beweging oan beide kanten fan de steatsgrins, kaam nei de wolkomswurden op freed foar it buordsje (foto). Tema’s wiene ynterfryske gearwurking en kultuer tsjinoer polityk. Op sneon ha de ynstituten har presintearre. Han Nijdam fertelde oer de Akademy, Christoph Schmidt oer it Nordfriisk Instituut yn Bräist en Rico Mecklenburg oer de Ostfriesische Landschaft. De oankundige sprekker fan de Oldenburgische Landschaft wie siik, dat ‘ús’ Henk Wolf waard dy moarns om tsien oere frege om wat oer it Seeltersk Kontoor te fertellen. It Sealterlân (‘Saterland’ foar de Hollanners en de Dútskers) leit ommers yn de Oldenburger omkriten. De sprekker hie fansels gjin tekst of dia’s by him, mar fan dat gemis ha de taharkers minder as neat fernommen. Foarsafier as der in reade trie yn de ferskillende praatsje te merkbiten wie, soe dat it tema fan ‘identiteit’ en ynklusy wêze kinne. It nasjonale begryp fan ‘oars neat as’ Fries, Hollanner of wat-ek te wêzen is njoggentjinde-iuwsk en ferâldere. Dat kaam benammen yn de praatsjes fan Thomas Steensen en Christoph Schmidt nei foaren. Nei it middeisskoft kaam it lêste praatsje fan it evenemint, en dêrmei ek it earste praatsje mei in bewyske fan Frysk deryn. Tessa Leppers fan de Jouwer, krekt ôfstudearre as germanist yn Oldenburg, fertelde oer allerhanne aspekten fan Fryske persoansnammen. Dêroer hat se yn in koarter bestek ek al skreaun yn Sprachen unter der Lupe. Dêr stiet te lêzen dat Noardfryske bern tradisjoneel net om-en-om nei de heite- en de memmefamylje ferneamd wurde, mar dat de heit earst komt. By wize fan útsmiter stie in útstapke nei Neustadtgödens op it programma. Dat koe net trochgean, mar wat derfoar yn it plak kaam wie gâns bysûnder. It unike prealgrêf fan de Fryske haadling Edo Wiemken wurdt optheden restaurearre. De Kongress-gongers wiene de earsten dy’t it (no noch ûnfoltôge) wurk fan tichteby besjen mochten. Dat op himsels wie de reis nei it âlde stedsje Jever al de muoite wurdich.
Mear lêze...

Frysk Kongres Jever: der is noch plak!

Programma fan it Friesenkongress yn Jever 2025Freed 17 oktober18:00Ûntfangst fan de Ynterfryske Rie yn it Schloss yn Jever (Schlossplatz 644, Jever).18:30Antje Sander fertelt oer it Schlossmuseum.19:00Begroeting troch Jan Edo Albers (boargemaster fan Jever). / Begroeting troch de plakferfangende Landrätin (van de Landkreis Friesland) Marianne Kaiser-Fuchs. / Feestrede fan Thomas Steensen oer Hûndert jier Friezenkongressen, skiednis en balâns (yn it Dútsk).Sneon 18 oktober10:00Iepening yn it Theater am Dannhalm (Schulstraße 5a, 26441 Jever)10:10Presintaasjes oer wittenskiplik wurk yn de trije Fryslannen:Fryske Akademy (Han Nijdam) / Nordfriisk Instituut (Christoph Schmidt) / Ostfriesische Landschaft (Rico Mecklenburg) / Oldenburgische Landschaft (Franziska Meifort)11:30Begroeting troch de Fryske deputearre Eke Folkerts. / Begroeting troch Falko Mohrs, minister fan wittenskip en kultuer yn Niedersachsen.12:00Skoft.12:15Lêzing fan Tessa Leppers: Sprachen unter der Lupe: Saterfriesisch und Niederdeutsch.13:00Middeisiten.14:00Utstapke nei Neustadtgödens (û.o. it museum Landrichterhaus,   oer de ferskate religieuze mienskippen yn dat plak).16:00Ofskie mei kofje yn ‘e eardere fermoanje (Mennonitenkirche Neustadtgödens). OanmeldeJo kinne jo (oant 6 oktober) oamelde by:  arno.ulrichs@ewetel.net, of: sekretariaatfryskerie@gmail.com.Kosten: 25 euro foar it hiele programma; 10 euro foar de freedsbesiters, 15 euro foar de sneonsbesiters). Oermeitsje oan Interfriesischer Rat, banknûmer (IBAN): DE81 2175 0000 0166 0541 30.Tourist-Information: tillefoan 04461-939261, mail Tourist-Info@stadt-jever.de). Oernachtsjen is moglik yn de jeugdherberch: 04461-909202; https://www.jugendherberge.de/jugendherbergen/jever/.
Mear lêze...

Fotograaf Sipco Feenstra ferstoarn

De fotograaf Sipco Feenstra is op 11 septimber 2025 ferstoarn.Feenstra seach al sykjend oant syn each foel op wat spesjaals: in moaie ljochtynfal, in komposysje fan linen, of in bysûnder minsk. Sjen dêr't sykjen ophâldt.Hy makke lange tochten by de Waadkust del. Mei syn lisfyts bereizge er de trije Fryslannen ('ús Fryslân', Ostfriesland en Noard-Fryslân by de Deenske grins).Dat smiet him dêr twa eksposysjes op. Ien op it Waadeilân Söl (Sylt) en ien yn it stedsje Bräist (Bredtstedt).Sipco Feenstra is 61 jier âld wurden.
Mear lêze...