Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Bysûndere útstalling oer Fryske kening Redbad op kommendeweis

Grut nijs.Fan 5 septimber (2026) oant 7 febrewaris (2027) is yn it Fries Museum de útstalling "Redbad, de legendaryske kening" te sjen [1]. Fryslân en de Aldfryske midsiuwen komme tsjintwurdich by it Fries Museum wiidweidich oan bod. Yn it resinte ferline wie der al omtinken foar de Aldfryske fetemaatskippij ("Vrijheid, vetes en vagevuur", 2022-2023) en de Wytsingers yn 'e rol fan freon en fijân ("Wij Vikingen", 2019-2020). Dy útstallingen ha sawol ynhâldlik as kommersjeel grutte suksessen west.No komt de legendaryske kening Redbad oan bar. Legendarysk, omdat de bêste man lang ferlyn libbe hat (719 AD ferstoarn) en inkeld yn in stik as twa boarnen om dy tiid hinne neamd waard. Dan ha wy it oer Latynske hilligelibbens, dy fan Willibrord en Wulfram. (De ferneamde leginde oer Redbad, dy't him dope litte soe, mar op it lêste momint syn foet út it doopfont weromluts, komt út it hilligelibben fan Wulfram.) Wat wy mei wissens oer Redbad witte, is dat er as kening oer (in part fan) 'de Friezen' hearske en it ûngelok trof dat er krekt yn dy tiid libbe dat de Franken ûnder lieding fan Peppyn fan Herstal harren ryk oan it útwreidzjen wiene - en dêrmei tagelyk it kristlik leauwe ferspraten. Yn dy krektneamde hilligelibbens binne dy Franken en har meistanners oan it wurd, net (needsaaklik) de Friezen sels.  Njonken it behyplik lytse bytsje histoaryske boarnen stiet in grutte mannichte leginden út ferskate boarnen en ferskate tiden. Redbad is de held fan de ien en de smjunt fan de oar, de sprekwurdlike stânfries en likegoed de sprekwurdlike anty-fries. Yn de Aldfryske tekst "Fon dae koningen Karle ende Redbad" (û.o. yn it hânskrift "Jus" optekene) wurdt Redbad as in heidenske wytsinger (noarman) en in tiran oer it Fryske folk ôfskildere. Hy wurdt ek yn oare midsiuwske boarnen neamd, sawol yn de Lege Lannen (Maerlants "Spieghel Historiael") as fier dêrbûten (bg. "Chanson de Roland").Yn mear resinte uteringen fan feit-en-fiksje komt Redbad as de prototypyske rûge, geve en ynfryske held foar it ljocht. Willem Schoorstra hat hat yn 2011 de roman "Rêdbâd, kronyk fan in kening" publisearre. Yn it sok fan dy publikaasje is yn Broeksterwâld in iepenloftspul opfierd (2018) en is der ek in spylfilm "Redbad" makke. Dy spylfilm hat spitigernôch wol minne (en sels strieminne) resinsjes opsmiten [2]. Jo kinne yn it foar kaartsjes beestelle of reservearje (website Fries Museum, "tickets").           Foar wa't mear oer Redbad en de Redbad-leginden witte wol is der de weareld oan ynformaasje skreaun. Yn it foarste plak ferwize wy nei it tema-nûmer fan "De Vrije Fries" (nr 100, 2020). <https://koninklijkfriesgenootschap.nl/de-vrije-fries/nummer-100-2020/>Dêrnjonken binne der (op 'n minsten) twa resinte boeken oer Redbad skreaun: Luit van der Tuuk, "Radbod, koning in twee werelden" (2018) [3].  en Sven Meeder & Erik Goosmann, Redbad, koning in de marge van de geschiedenis (2022). Yn it blêd "Fryslân" fine wy in stikje oer Redbad en de Fryske flagge (út 2020) [4]  en in artikel fan dit jier [5]. .Yn it ramt fan de útstalling sil ek nij Redbad-boek ferskine: "Redbad, de legendarische koning" fan Diane Spiekhout en Erik Betten [6]. Wat ek yn alle gefallen neamd wurde moat is in bydrage fan in oare legendaryske Redbad, te witten Redbad Veenbaas, oer de hillige Cunera. (Veenbaas is earder yn dit jier promovearre op in dissertaasje oer Bernlef en de Heliand.) Dat stik is te lêzen yn it earder neamde temanûmer fan De Vrije Fries.[Foto: Fries Museum][1] https://www.friesmuseum.nl/frl/te-sjen-en-te-dwaan/%C3%BAtstallings/redbad[2] https://mainzerbeobachter.com/2018/07/05/redbad/[3] https://historiek.net/radbod-719-koning-in-twee-werelden/109735/[4] https://koninklijkfriesgenootschap.nl/wp-content/uploads/2020/12/Fryslan_nov_dec_2018_13nov_lowres.pdf[5] https://koninklijkfriesgenootschap.nl/fr/fryslan/redbad-historie-uit-de-schaduw-van-de-mythe/fryslân 2026 nr 4[6] https://noordboek.nl/boek/redbad/
Mear lêze...

Ynterfrysk feestke yn Noardfryslân

Regelmjittich krijt de Fryske Rie berjochten fan de susterklub yn Noard-Fryslân, de Frasche Rädj. (Wy meie as bekend ûnderstelle dat mei 'Noard-Fryslân' net de omkriten fan Dokkum of it Bilt bedoeld wurdt, mar it meast noardlike stikje fan Sleeswyk-Holstein.) Meast binne dy berjochten oankundigingen fan útstapkes fan en foar de Noardfriezen sels. Dizze oankundiging giet oer tweintich 'iir' Frisia Historica, op 11 en 12 septimber (2026). By Frisisca Historica, sa is it sizzen, wurde de Wytsingers en de Alde Friezen "op 'en nij belibbe".Dit kear ha wy in mienskiplik Noard- en 'West'-frysk feestke by de ein. En miskien ek wol in Iersk feestke. Want de band De Griene Wâlden sil by dy gelegenheid optrede.De tekst fan de útnûging (Noardfrysk en Dútsk) fine jim hjirûnder.[foto: griene wâlden / harlingen sail]20 iir - Frisia HistoricaDi 11. än 12. önj e harfstmoune (September)(Deutscher Text, s.u.)For twunti iir wjarn et en hönjful waane, wat Frisia Historica grünleeden, am e frasch madelålertid eefter tu belaawen. Än dåt schal ma en grut Hüneblinger trolfäst önj Stääsönj (Klinkerstroote 4) fiirt wårde, ma en grut mårket än live-musiik.Fraidi gungt am e klook 17. 00 ma en gibselturniir lüüs. Saneene spaale da „Stedesander Seevagabunden“ shantys. Än dan stååt enarken awt jubilääum önj. Ouf e klook 13.00 as e 17st mäisterschap fort lung-boogen schiitjen, weer enarken mamååge koon. Di een as musiik ma „Lars O’Knight“ än „De Griene Wâlden“ üt da Neederlönje. Frasch än iirisch följksmusiik. Koorde schal huum ma båårgiilj bai e kas betååle. Vor zwanzig Jahren waren es enige Freunde, die Frisia Historica gründeten, um die Zeit, als Wikinger und Friesen im Norden unterwegs waren, wieder zu beleben. Das soll mit einem großen Hunnebüller Trollfest in Stedesand (Klinkerstraße 4) gefeiert werden, mit einem großen Markt und Live-Musik.Freitag startet das Fest ab 17 Uhr mit einem Gibselturnier. Sonnabend gibt es Shanty-Musik von den „Stedesander Seevagabunden“. Danach stoßen alle Gäste auf das Vereinsjubiläum an.Ab 13 Uhr ist die 17. Landbogenmeisterschaft, an deren auch Anfänger teilnehmen können. Abend gibt es Folkmusik mit „Lars O’Knight“ und „De Griene Wâlden“ aus den Niederlanden. Friesische und irische Musik vom Fiensten. Karten nur gegen Bargeld an der Abendkasse. 
Mear lêze...

Profesjonalisaasje by de Ynterfryske Rie: nij buro en nije krêfte foar East-Fryslân en omkriten

De Ynterfryske Rie (ek wol Friesenrat neamd) is in gearwurkingsferbân tusken twa organisaasjes yn Dútslân en ien yn Nederlân (ús eigen stifting Fryske Rie). De beide Dútske susterorganisaasjes 'Noard'(yn Noardfrylân, by Denemarken) en 'East' (Ostfriesland en omkriten) hawwe dit jier fan de federale Dútse oerheid in fiks dofke jild tasein krige om better en mear profesjoneel gearwurkje te kinnen. Yn Noard-Fryslân binne in pear moanne ferlyn twa jonge en nije krêften oannommmen, te witten Hannah Müller (Geschäftsführer, of 'bedriuwslieder') en Boh Quedens (publisiteit). Sûnt koart binne der ek nije ûntjouwingen yn de seksje 'East' fan de Ynterfryske Rie.De 'Eastfriezen' krije yn Aurich in sintraal buro ta har foldwaan. Sa'n buro wie earder brek en der bestie in grut ferlet fan. It plak wurdt optheden ynrjochte. Nei ferwachting sil dat wurk yn oktober (2026) klear wêze. It adres is Georgswall 1-5 yn Aurich, dat is te sizzen: de Seksje East fan de Friesenrat wennet no 'op keamers' by de Ostfriesische Landschaft. (In 'Landschaft' is yn it Dútsk net allinnich in lânskip, mar ek in distrikt of in krite en it bestjoer dêrfan. Yn dit gefal giet it om in bestjoersorganisaasje dy't him mei kultuer en ûnderwiis dwaande hâldt.)Mar in buro is niks sûnder meiwurkers, fansels. Dêrom binne twa jonge meiwurkers oanlutsen dy't de deistige lieding op har nimme sille. Dat binne Kirsten Mahnke (bedriuwsliedster) en Maike Beekmann (har assistint).Wy lokwinskje ús eastlike maten mei dit goede nijs en winskje de nije krêften in protte sukses ta, en fansels in fruchtbere meiwurking mei ús, yn ús westerlauwerske heitelân. Op de foto sjogge wy: Arno Ulrichs (de âlde foarsitter), Maike Beekmann, Kirsten Mahnke, Matthias Stenger (Ostfriesische Landschaft) en Volker Landing (ponghâlder).  
Mear lêze...