Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

De frouljusmoeting fan 22-25 septimber yn Noard-Fryslân

De Ynterfryske frouljusmoeting fan 22-25 septimber 2026.(In ferslach fan Aeltsje de Groot)Fjouwer froulju yn in auto en njoggen yn in buske. Sa setten de 'West-Friezen' ôf op tiisdei 22septimber.Op wei nei de Nordsee Akademie yn Leck, yn Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein).Dizze dei wie fuort in weromsjen fan âlde bekinden en de noadige nije gesichten. Der diene marleafst 66 froulju mei út West-, East- en Noard-Fryslân.De earste jûn wie ien fan taspraken en wolkomhjitten.Woansdei 23 septimber setten wy yn de bus ôf nei Dagebüll. Fan Dagebüll út gong it mei de boat neiFöhr. In moaie oertocht fan sa’n 50 menuten.Oant middeis twa oere ta koene wy it plak Wyk auf Föhr besjen, en dêr in terraske sykje om wat teiten en te drinken.Dêrnei gong it wer yn de bus, it eilân oer. Mei in sjauffeur dy’t op humoristyske wize fan allesfertelde. Hy hie der dúdlik nocht oan om al dy Fryske froulju wat erfare te litten fan it eilân en iteilângefoel.Der wie in stop yn it doarp Oldsum, mei in rûnkuier en fansels kofje of tee mei gebak.Op de weromreis nei de haven kamen wy noch troch it doarp Nieblum, it moaiste doarp fanDútslân.Nei de weromfeart op nei it miel yn de Nordsee Akademie.Tongersdei 24 septimber wer yn de bus, earst nei de Green Tec Campus yn Enge-Sande. Earst inteoretyske útlis oer it ûntstean en de ûntwikkelingen op de campus.Dêrnei in rûnlieding by ferskate projekten lâns. De selsridende bus spruts uteraard bot oan. Mar ekljochttrochlittende sinnepanelen en in mobile wynmotor kamen foarby.Nei it middeisbrochje gie it op nei Neukirchen, nei it Nolde Museum. Wy koene net allinne mei itkrêftige wurk fan de skilder Emil Nolde kennismeitsje, mar seagen ek hoe as syn frou en hy wennehawwe. Ek de tún wurdt noch altyd ûnderhâlden, ek dêr binne wy in slach trochhinne west.Werom yn de Nordsee Akademie wachte dêr wer it iten op ús.De jûn wie reservearre foar Alina Jacobs, dy’t mei har poetryslam ferskillende ferhalen engedichten nei foaren brocht. Oer allerhande ûnderwurpen, hiel knap!Hjirmei kaam in ein oan de dagen.25 septimber reizgen wy wer ôf nei ús “eigen” Fryslân.Der binne nije kontakten lein, âlde kontakten binne wer oanhelle. It entoesjasme wie grut, en wyhoopje dan ek yn 2028 in hiele protte Noard- en Eastfryske froulju te moetsjen yn ús eigen West-Fryslân! “Wir sind stolze friesische Frauen”, sei in Noard-Fryske frou tsjin my, doe’t wy foar ingevelstien stiene mei dêrop: “leaver dea as slaaf”. Dan fielt men de ferbining!
Mear lêze...

De Friesenbrücke giet wer iepen (en ticht)

By de Fryske Rie en de Friesenrat  besteane al in skoft plannen oer in toeristykse "Straße der Friesen", dy't alle midsiuwske Fryske plakken ferbine moat.Fanâlds bestiet der wol in beskieden fariant fan die Straße, mar dy wurdt meast "Bahn" neamd. It is de treinferbining tusken Grins en Leer. Dy ferbining is sûnt 2015 ferbrutsen west, omdat de Iems-brêge by Weener oanfearn waard. Dy brêge hat de namme fan - hoe kin it ek oars? - Friesenbrücke.Mar der is no goed nijs. Sûnt 5 oktober rydt de trein wer, op de saneamde Bahnstrecke Wunderline. Dat goede nijs wie al ferskate kearen oankundige troch Arriva, en hieltyd wer ynlutsen en útsteld. Oan beide kanten fan de steategrins is der in soad om gniisd. It sil wol klearkome as de keallen op it iis dûnsje. Mar no is it dan sa fier.Tagelyk binne der ek twa nije treinstasjons iepene (of alteast: opknapt). Ien yn Bunde en ien yn Ihrhove. En fan Ihrhove nei it Sealterlân is it in hoannestap nei it Sealterlân.   Fan Ljouwert nei Grins, fyts yn 'e trein mei. Dan fan Grins nei Ihrhove (oerstappe yn Nijskâns). En dan op 'e fyts fierder.Sa komme jo fan terp nei Täärp, fan wei nei Wai en fan tsjerke nei Säärke.(Ynfo: Omrop Fryslân, Oog tv, rtv Noord en Onno Falkena; foto Omrop Fryslân.) 
Mear lêze...

Bysûndere útstalling oer Fryske kening Redbad op kommendeweis

Grut nijs.Fan 5 septimber (2026) oant 7 febrewaris (2027) is yn it Fries Museum de útstalling "Redbad, de legendaryske kening" te sjen [1]. Fryslân en de Aldfryske midsiuwen komme tsjintwurdich by it Fries Museum wiidweidich oan bod. Yn it resinte ferline wie der al omtinken foar de Aldfryske fetemaatskippij ("Vrijheid, vetes en vagevuur", 2022-2023) en de Wytsingers yn 'e rol fan freon en fijân ("Wij Vikingen", 2019-2020). Dy útstallingen ha sawol ynhâldlik as kommersjeel grutte suksessen west.No komt de legendaryske kening Redbad oan bar. Legendarysk, omdat de bêste man lang ferlyn libbe hat (719 AD ferstoarn) en inkeld yn in stik as twa boarnen om dy tiid hinne neamd waard. Dan ha wy it oer Latynske hilligelibbens, dy fan Willibrord en Wulfram. (De ferneamde leginde oer Redbad, dy't him dope litte soe, mar op it lêste momint syn foet út it doopfont weromluts, komt út it hilligelibben fan Wulfram.) Wat wy mei wissens oer Redbad witte, is dat er as kening oer (in part fan) 'de Friezen' hearske en it ûngelok trof dat er krekt yn dy tiid libbe dat de Franken ûnder lieding fan Peppyn fan Herstal harren ryk oan it útwreidzjen wiene - en dêrmei tagelyk it kristlik leauwe ferspraten. Yn dy krektneamde hilligelibbens binne dy Franken en har meistanners oan it wurd, net (needsaaklik) de Friezen sels.  Njonken it behyplik lytse bytsje histoaryske boarnen stiet in grutte mannichte leginden út ferskate boarnen en ferskate tiden. Redbad is de held fan de ien en de smjunt fan de oar, de sprekwurdlike stânfries en likegoed de sprekwurdlike anty-fries. Yn de Aldfryske tekst "Fon dae koningen Karle ende Redbad" (û.o. yn it hânskrift "Jus" optekene) wurdt Redbad as in heidenske wytsinger (noarman) en in tiran oer it Fryske folk ôfskildere. Hy wurdt ek yn oare midsiuwske boarnen neamd, sawol yn de Lege Lannen (Maerlants "Spieghel Historiael") as fier dêrbûten (bg. "Chanson de Roland").Yn mear resinte uteringen fan feit-en-fiksje komt Redbad as de prototypyske rûge, geve en ynfryske held foar it ljocht. Willem Schoorstra hat hat yn 2011 de roman "Rêdbâd, kronyk fan in kening" publisearre. Yn it sok fan dy publikaasje is yn Broeksterwâld in iepenloftspul opfierd (2018) en is der ek in spylfilm "Redbad" makke. Dy spylfilm hat spitigernôch wol minne (en sels strieminne) resinsjes opsmiten [2]. Jo kinne yn it foar kaartsjes beestelle of reservearje (website Fries Museum, "tickets").           Foar wa't mear oer Redbad en de Redbad-leginden witte wol is der de weareld oan ynformaasje skreaun. Yn it foarste plak ferwize wy nei it tema-nûmer fan "De Vrije Fries" (nr 100, 2020). <https://koninklijkfriesgenootschap.nl/de-vrije-fries/nummer-100-2020/>Dêrnjonken binne der (op 'n minsten) twa resinte boeken oer Redbad skreaun: Luit van der Tuuk, "Radbod, koning in twee werelden" (2018) [3].  en Sven Meeder & Erik Goosmann, Redbad, koning in de marge van de geschiedenis (2022). Yn it blêd "Fryslân" fine wy in stikje oer Redbad en de Fryske flagge (út 2020) [4]  en in artikel fan dit jier [5]. .Yn it ramt fan de útstalling sil ek nij Redbad-boek ferskine: "Redbad, de legendarische koning" fan Diane Spiekhout en Erik Betten [6]. Wat ek yn alle gefallen neamd wurde moat is in bydrage fan in oare legendaryske Redbad, te witten Redbad Veenbaas, oer de hillige Cunera. (Veenbaas is earder yn dit jier promovearre op in dissertaasje oer Bernlef en de Heliand.) Dat stik is te lêzen yn it earder neamde temanûmer fan De Vrije Fries.[Foto: Fries Museum][1] https://www.friesmuseum.nl/frl/te-sjen-en-te-dwaan/%C3%BAtstallings/redbad[2] https://mainzerbeobachter.com/2018/07/05/redbad/[3] https://historiek.net/radbod-719-koning-in-twee-werelden/109735/[4] https://koninklijkfriesgenootschap.nl/wp-content/uploads/2020/12/Fryslan_nov_dec_2018_13nov_lowres.pdf[5] https://koninklijkfriesgenootschap.nl/fr/fryslan/redbad-historie-uit-de-schaduw-van-de-mythe/fryslân 2026 nr 4[6] https://noordboek.nl/boek/redbad/
Mear lêze...