Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Emearitus pastoar Jan Romkes van der Wal ferstoarn

Freed 6 desimber 2024 is ús wurdearre âld-bestjoerslid Jan Romkes van der Wal yn 'e âldens fan 77 jier ferstoarn. Jan wie sûnt 1980 pastoar yn Boalsert (en oare plakken) en wenne de lêste jierren yn Frjentsjer en Wytmarsum. Hy is bekend wurden as betinker fan it Jabikspaad. Foar de Fryske Rie wie er kontaktpersoan en mei-organisator fan Ynterfryske tsjerketsjinsten by moetings, kongressen en de trijejierlikse Hilgelânreizen. Fierders organisearre er út namme fan de Fryske Rie in tige slagge reis nei de Friezetsjerke yn Rome.Freed 13 desimber sil der in útfeartmis wêze yn 'e Franciscusbasilyk yn Boalsert (Grote Dijlakker 8), en oanslutend in begraffenis op it RK hôf yn Balk. Wy winskje syn famylje en freonen in soad sterkte ta.
Mear lêze...

Hilgelân 2025

Programma folget op koarte termyn!
Mear lêze...

TV-rige Omrop Fryslân 'Fier yn it rûn'

De útstjoering 'Fier yn it rûn' giet op 11 novimber oer it West-Frysk (17:15 oere). Yn it noarden fan Noard-Hollân wurdt it West-Fries sprutsen. Tjits sjocht by de band Oôs Joôs dy 't yn it West-Fries sjongt en dêrmei in soad jongeren entûsjast makket foar de taal. Se docht ek in audiotoer yn it West-Fries troch Enkhuizen hinne.De útstjoering is hjir te besjen Fier yn it run - Omrop Fryslân Fier yn it run - Omrop Fryslân
Mear lêze...