Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Profesjonalisaasje by de Ynterfryske Rie: nij buro en nije krêfte foar East-Fryslân en omkriten

De Ynterfryske Rie (ek wol Friesenrat neamd) is in gearwurkingsferbân tusken twa organisaasjes yn Dútslân en ien yn Nederlân (ús eigen stifting Fryske Rie). De beide Dútske susterorganisaasjes 'Noard'(yn Noardfrylân, by Denemarken) en 'East' (Ostfriesland en omkriten) hawwe dit jier fan de federale Dútse oerheid in fiks dofke jild tasein krige om better en mear profesjoneel gearwurkje te kinnen. Yn Noard-Fryslân binne in pear moanne ferlyn twa jonge en nije krêften oannommmen, te witten Hannah Müller (Geschäftsführer, of 'bedriuwslieder') en Boh Quedens (publisiteit). Sûnt koart binne der ek nije ûntjouwingen yn de seksje 'East' fan de Ynterfryske Rie.De 'Eastfriezen' krije yn Aurich in sintraal buro ta har foldwaan. Sa'n buro wie earder brek en der bestie in grut ferlet fan. It plak wurdt optheden ynrjochte. Nei ferwachting sil dat wurk yn oktober (2026) klear wêze. It adres is Georgswall 1-5 yn Aurich, dat is te sizzen: de Seksje East fan de Friesenrat wennet no 'op keamers' by de Ostfriesische Landschaft. (In 'Landschaft' is yn it Dútsk net allinnich in lânskip, mar ek in distrikt of in krite en it bestjoer dêrfan. Yn dit gefal giet it om in bestjoersorganisaasje dy't him mei kultuer en ûnderwiis dwaande hâldt.)Mar in buro is niks sûnder meiwurkers, fansels. Dêrom binne twa jonge meiwurkers oanlutsen dy't de deistige lieding op har nimme sille. Dat binne Kirsten Mahnke (bedriuwsliedster) en Maike Beekmann (har assistint).Wy lokwinskje ús eastlike maten mei dit goede nijs en winskje de nije krêften in protte sukses ta, en fansels in fruchtbere meiwurking mei ús, yn ús westerlauwerske heitelân. Op de foto sjogge wy: Arno Ulrichs (de âlde foarsitter), Maike Beekmann, Kirsten Mahnke, Matthias Stenger (Ostfriesische Landschaft) en Volker Landing (ponghâlder).  
Mear lêze...

Wer twa filmkes oer Helgolân-reis fan 1968

Ben Wester fan it Westfries Genootschap hie earder yn dit jier in filmke fûn oer it Friesendroapen fan 1968 (sjoch dizze webside), de 'ternfahrt der Friesen'. Okkereis hat er twa nije filmfragminten útitselde jier oantroffen. Dy filmkes komme út it Fries Film- en Audio-archief. We sjogge, wer, de see, börteboote, folksdûnsersen taskôgers, de Lange Anna, de tsjerke en it hôf, de Fryske en de Europeeske flagge en de tax-free-shop. Makkers fan de filmkes binne Jan Jongsma en Keimpe Sikkema. https://www.friesfilm-audioarchief.nl/collectie/AV2663 https://www.friesfilm-audioarchief.nl/collectie/AV0972
Mear lêze...

Jierferslach 2025

Jierferslach 2025 Fryske Rie.docx
Mear lêze...