Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Ingwer Boysen ferstoarn

Noardfryske mienskipsman Ingwer Boysen (66) ferstoarn De tsjerke fan Lunham siet fol, doe’t op 19 maaie de Noardfryske boer, toanielspiler en bestjoerder Ingwer Boysen te hôf brocht waard. De betsjutting fan Boysen foar Friesendoarp Risem-Lunham en de Noardfryske taal en kultuer kin net ûnderskat wurde. Wa’t it Mooringer Noardfrysk yn ‘e praktyk leare woe, wie wolkom yn it taalnêst by Boysen.Generaasjes studinten Friesisch út Kiel koene sa it Frasch dat se leard hiene út boeken en fan âlde bânopnames no ek yn ‘e praktyk bringe. “It wie foar ús in ideaal plak”, seit âld-dosint Alastair Walker fan de Universiteit fan Kiel. “Heit, mem, bern, pake en beppe, de besite, eltsenien prate dêr Frasch. En sokke famyljes wiene der noch mar in bytsje.“ Studinten dy’t ree wiene om in hântaast op ‘e pleats te helpen learden sadwaande Frasch tusken it melken en trekkerriden troch. Noch sterker: se moasten wol, want de Boysens sprutsen gjin Dúts mei dizze gasten. “Ik bin gjin learaar”, sei Ingwer dan, “mar wêr’t ik Frasch snaake kin, snaak ik Frasch.” Mei guon fan dizze studinten bleau Ingwer syn libben lang befreone. Ingwer wie him ek tige bewust fan it belang fan it Frasch as mienskipstaal. Hy stie gauris op it toaniel by it grutte doarpsfeest yn it ramt fan it Bikebrennen, neidat er sels ek al it nedige âld hout en strie oanlevere hie foar de Biike, it brânende beaken dêr’t de Noardfriezen de winter, de trollen en de kweade geesten mei ferjeie op 21 febrewaris. Boysen fertsjintwurdige ek jierrenlang de Fryske minderheid yn it bestjoer fan de Deenske skoalferiening. Dy besocht mear as ien kear om it tal oeren Frysk op de skoalle fan Risem te beheinen. “Gjin sprake fan”, sei Boysen yn rêd Deensk. “Der wennet net ien Deensktalige famylje yn ús doarp. Tanksij de Friezen is der yn Risem in Deenske skoalle. Wy helpe jimme, as jimme ús helpe.” En sadwaande koe de skoalle yn Risem ‘gewoan’ trijetalich Deensk-Dúts-Frasch bliuwe. Ingwer Boysen krige fanselssprekkend ek in wichtige rol yn de earste Noardfryske spylfim Der Krug an der Wiedau as meartalige kastlein fan de Dúts-Deenske grinskroech. Yn de humoristyske krimi fan regisseur Gary Funck stekke Friezen, oare minderheden, Denen en Dútsers inoar de gek oan. De rol fan kastlein wie Boysen op it liif skreaun, want hy wie ek al syn libben lang gasthear op syn eigen pleats.Ien fan dy tsientallen gasten wie, al in moai skoft lyn, de ‘Westfriesischer rockstar‘ Piter Wilkens, dy’t foar in optreden nei Nordfraschlönj helle waard. Piter en syn muzyk binne net fergetten, want by it ôfskie yn de tsjerke fan Lunham klonk Wilkens syn liet ‘It paad werom’. Yn 1999 wie Omrop Fryslân by Boysen op de pleats foar de dokumintêre ‘It oare Fryslân’. Dy dokumintêre kin besjoen wurde op de argyfside Weromrop.nl: It Oare Fryslân 3: de Noard-Fryske taal | WeromropOnno Falkena |Foto's: Friisk Foriing en Ingwer Boysen
Mear lêze...

Twaris Pinkstertiisdei 26 maaie: Aurich en Ljouwert

Yn 'e Midsiuwen kamen fertsjintwurdigers fan de ferskate Fryske lannen ienris yn it jier oer politike saken gear. Dat wie alle kearen op pinkstertiisdei.Dy tradysje is yn ús tiid op beskieden wize fuortset.Op 26 maaie (pinkstertiisdei) wurdt yn Aurich-Rahe de jierlikse Opstalbeam-beattinking holden. It tema is ditkear "JUgend in Friesland". De organisaase is, lykas alle keren, yn hannen fan it Friesisches Forum. Sprekkers binne Rico Mecklenburg (Ostfriesische Landschaft) en Freja Pfanne (Aurich). Sjoch: https://www.aurich-tourismus.de/veranstaltungen/veranstaltung/26052026-1830--101273722--treffen-der-freien-friesen-zu-pfingstenTichter by hûs sil Vincent Robijn yn Ljouwert (De Beurs, Wurdumerdyk 34) in praatsje hâlde oer de Leechdútske ('Nedersaksische') hânskriften út de Aldfryske Richthofenkolleksje. Dat sil om 20:00 oere begjinnne (ynrin 19:30). Mear ynformaasje is te finen by Tresoar:https://www.tresoar.nl/bezoeken/agenda/SGL-Pinkstertiisdei-lezing-Vincent-Robijn
Mear lêze...

Frouljusmoeting yn Noard-Fryslân 22 oant 25 septimber 2026

Fan 22 oant 25 septimber fynt dit jier de Frouljusmoeting plak yn Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein).By dit útstapke wurde ûnder mear de Nordsee Akademie yn Leck en en de GreenTEC-Campus yn Enge-Sande besocht.It treffen wurdt troch de Fräiske Rädj (it Noardfryske suske fan de Fryske Rie) op priemmen set.Fryske froulju dy't belangstelling kinne har oant 31 by de organisaasje opjaan:sektion-nord-at-interfriesischerrat.de0049-4671.6024.150Oer ferfier en sokke saken kinne jo kontakt opnimme mei Aeltsje de Groot (Fryske Rie en Plattelânsfroulju 'Vrouwen van nu'): aeltsje-at-kpnmail.nl.De flyer fan de frouljusmoeting kinne jo hjir fine.https://friesenrat.de/wp-content/uploads/2026/04/20260311_IFR-wueste-flyer.pdf
Mear lêze...