Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Wer twa filmkes oer Helgolân-reis fan 1968

Ben Wester fan it Westfries Genootschap hie earder yn dit jier in filmke fûn oer it Friesendroapen fan 1968 (sjoch dizze webside), de 'ternfahrt der Friesen'. Okkereis hat er twa nije filmfragminten útitselde jier oantroffen. Dy filmkes komme út it Fries Film- en Audio-archief. We sjogge, wer, de see, börteboote, folksdûnsersen taskôgers, de Lange Anna, de tsjerke en it hôf, de Fryske en de Europeeske flagge en de tax-free-shop. Makkers fan de filmkes binne Jan Jongsma en Keimpe Sikkema. https://www.friesfilm-audioarchief.nl/collectie/AV2663 https://www.friesfilm-audioarchief.nl/collectie/AV0972
Mear lêze...

Jierferslach 2025

Jierferslach 2025 Fryske Rie.docx
Mear lêze...

Uta Mansholt ferstoarn

Op 23 juny (2026) is Uta Mansholt - van Lessen ferstoarn. Hja wie 81 jier âld.Uta Mansholt wie in warber lid fan de ynterfryske mienskip. Se hat in lang skoft by de organisaasje fan de frouljusmoeting behelle west. Se hat ek faak rûnliedingen by it earder kleaster Ihlow (by Aurich) fersoarge. Uta Mansholt sil yn de ynterfryske krite mist wurde.
Mear lêze...