Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

17 juny: 600 jier Fryske Frijheid yn Noard-Fryslân

600 jier Fryske frijheid yn Noard-FryslânIt Nordfriisk Instituut fiert op wopansdei 17 juny, om 16:30, yn de Nicolai-tsjerke fan Bualigsem (Boldixum) op Feer (Föhr) it jubileum fan 600 jier Fryske Frijheid. Prof. dr Andreas Deutsch sil in taspraak hâlde en der is live muzyk. Dêrnei wurde jo útnûge foar in hapke yn de Nationalparkhalle (busreiske).Programma:Hinnereis: 15:05: fearboat fan Dagebüll en 15:15 Uhr: fearboat fan Wittdün (Amrum). Bustreis nei de tsjerke.Weromreis: 19:00 Uhr: fearboat nei Amrum mei in spesjale, fergese fearboat nei Dagebüll. Jo kinne jo ((fluch!) opjaan by Henriette Boysen (boysen@nordfriiskinstituut.de) 
Mear lêze...

Moai Upstalbeam-treffen oer en mei de jeugd fan de Fryslannen

Op pinkstertiisdei 26 maaie (2026) kamen sa'n santich of mear minsken by it jierlikse Upstalbeam-treffen byinoar oer it tema "de jeugd yn de Fryslannen". De twa foarnaamste sprekkers wiene fyftjin en sechtjin jier âld (resp. David Kloosterman fan de Harkema en Freja Pfanne fan Aurich). David spruts yn it Frysk en oer it Frysk: hoe't dy taal hjir (by ús) bestean bleaun is en dêr (by Aurich en yn Grinslân) troch it Platt ferkrongen is. Freja hie - yn datselde Platt - in mear persoanlik praatsje. Se spilet by it platdútske toaniel yn in musical "De lytse dei". Dêr hat se net allinnich leard hoe't je op it poadium rinne en stean moatte. Se hat har ek de taal fan har heit en mem machtich makke. "Platdútsk prate fielt hiel oars as Heechdútsk - it ritme en de meldij."De jeugd hat net allinnich de takomst, mar ek de apparatuer, sa hat dy jûn ús leard. Ut Freja har praatsje die bliken dat de taallear-app "Plattino" (troch it Platt-Büro fan de Ostfriesische Landschaft útbrocht) de jongerein gâns fertuten docht. Rico Mecklenburg, de foarsitter fan de Landschaft, hie dy "app" al mei grutskens yn syn wolkomswurd neamd. De jonge muzikant Christoffer Krull song tuskentroch mei de gitaar by de hân oer hjoed en juster. Yn it Platt fansels, mei of sûnder help fan Plattino.It wie in noflike jûn mei moai waar. Yn 'e bosken fan Aurich hiene je ek gjin lêst fan de gleie sinne.Bouke SlofstraFoto: Klaus Bostelmann
Mear lêze...

Ynterfryske Rie 70 jier. In brêge tusken trije Fryslannen.

Yn de pinksterdagen fan 1956 is yn Aurich (Ostfriesland) de Ynterfryske Rie oprjochte. Dat is no santich jier ferlyn.Foar de Twadde Wrâldoarloch wie der al gearwurking tusken fertsjintwurdigers fan Westerlauwersk Fryslân, Ostfriesland/Oldenburg en Noard-Fryslân, mar yn 'e oanrin nei dy oarloch wie it spul bedoarn. It is oan minsken lykas Jan Piebenga (de kranteman), Jelle Brouwer (de skriuwer en gelearde) en Frederik Paulsen (de Dútske oarlochsdissidint) te tankjen dat de ferbrutsen freonskipsbannen oan beide siden fan de steatsgrins wer oanhelle waarden.De Ynterfryske Rie (dy namme is pas yn 1999 ynfierd) basearret him op it manifest fan Aurich fan 1955, in jier foar de oprjochting: Friezen yn in demokratysk en feriene Europa.Sûnt de oprjochting hat de Ynterfryske Rie regelmjittich treffens op Helgolân, kongressen op wikseljende plakken en útwikselingen fan studinten, boeren, plattelânsfroulju (ensafuorthinne) op priemmen set.Yn 2027 sil der wer in kongres yn Ostfriesland wêze.   
Mear lêze...