Bysûndere útstalling oer Fryske kening Redbad op kommendeweis
Grut nijs.Fan 5 septimber (2026) oant 7 febrewaris (2027) is yn it Fries Museum de útstalling "Redbad, de legendaryske kening" te sjen [1]. Fryslân en de Aldfryske midsiuwen komme tsjintwurdich by it Fries Museum wiidweidich oan bod. Yn it resinte ferline wie der al omtinken foar de Aldfryske fetemaatskippij ("Vrijheid, vetes en vagevuur", 2022-2023) en de Wytsingers yn 'e rol fan freon en fijân ("Wij Vikingen", 2019-2020). Dy útstallingen ha sawol ynhâldlik as kommersjeel grutte suksessen west.No komt de legendaryske kening Redbad oan bar. Legendarysk, omdat de bêste man lang ferlyn libbe hat (719 AD ferstoarn) en inkeld yn in stik as twa boarnen om dy tiid hinne neamd waard. Dan ha wy it oer Latynske hilligelibbens, dy fan Willibrord en Wulfram. (De ferneamde leginde oer Redbad, dy't him dope litte soe, mar op it lêste momint syn foet út it doopfont weromluts, komt út it hilligelibben fan Wulfram.) Wat wy mei wissens oer Redbad witte, is dat er as kening oer (in part fan) 'de Friezen' hearske en it ûngelok trof dat er krekt yn dy tiid libbe dat de Franken ûnder lieding fan Peppyn fan Herstal harren ryk oan it útwreidzjen wiene - en dêrmei tagelyk it kristlik leauwe ferspraten. Yn dy krektneamde hilligelibbens binne dy Franken en har meistanners oan it wurd, net (needsaaklik) de Friezen sels. Njonken it behyplik lytse bytsje histoaryske boarnen stiet in grutte mannichte leginden út ferskate boarnen en ferskate tiden. Redbad is de held fan de ien en de smjunt fan de oar, de sprekwurdlike stânfries en likegoed de sprekwurdlike anty-fries. Yn de Aldfryske tekst "Fon dae koningen Karle ende Redbad" (û.o. yn it hânskrift "Jus" optekene) wurdt Redbad as in heidenske wytsinger (noarman) en in tiran oer it Fryske folk ôfskildere. Hy wurdt ek yn oare midsiuwske boarnen neamd, sawol yn de Lege Lannen (Maerlants "Spieghel Historiael") as fier dêrbûten (bg. "Chanson de Roland").Yn mear resinte uteringen fan feit-en-fiksje komt Redbad as de prototypyske rûge, geve en ynfryske held foar it ljocht. Willem Schoorstra hat hat yn 2011 de roman "Rêdbâd, kronyk fan in kening" publisearre. Yn it sok fan dy publikaasje is yn Broeksterwâld in iepenloftspul opfierd (2018) en is der ek in spylfilm "Redbad" makke. Dy spylfilm hat spitigernôch wol minne (en sels strieminne) resinsjes opsmiten [2]. Jo kinne yn it foar kaartsjes beestelle of reservearje (website Fries Museum, "tickets"). Foar wa't mear oer Redbad en de Redbad-leginden witte wol is der de weareld oan ynformaasje skreaun. Yn it foarste plak ferwize wy nei it tema-nûmer fan "De Vrije Fries" (nr 100, 2020). <https://koninklijkfriesgenootschap.nl/de-vrije-fries/nummer-100-2020/>Dêrnjonken binne der (op 'n minsten) twa resinte boeken oer Redbad skreaun: Luit van der Tuuk, "Radbod, koning in twee werelden" (2018) [3]. en Sven Meeder & Erik Goosmann, Redbad, koning in de marge van de geschiedenis (2022). Yn it blêd "Fryslân" fine wy in stikje oer Redbad en de Fryske flagge (út 2020) [4] en in artikel fan dit jier [5]. .Yn it ramt fan de útstalling sil ek nij Redbad-boek ferskine: "Redbad, de legendarische koning" fan Diane Spiekhout en Erik Betten [6]. Wat ek yn alle gefallen neamd wurde moat is in bydrage fan in oare legendaryske Redbad, te witten Redbad Veenbaas, oer de hillige Cunera. (Veenbaas is earder yn dit jier promovearre op in dissertaasje oer Bernlef en de Heliand.) Dat stik is te lêzen yn it earder neamde temanûmer fan De Vrije Fries.[Foto: Fries Museum][1] https://www.friesmuseum.nl/frl/te-sjen-en-te-dwaan/%C3%BAtstallings/redbad[2] https://mainzerbeobachter.com/2018/07/05/redbad/[3] https://historiek.net/radbod-719-koning-in-twee-werelden/109735/[4] https://koninklijkfriesgenootschap.nl/wp-content/uploads/2020/12/Fryslan_nov_dec_2018_13nov_lowres.pdf[5] https://koninklijkfriesgenootschap.nl/fr/fryslan/redbad-historie-uit-de-schaduw-van-de-mythe/fryslân 2026 nr 4[6] https://noordboek.nl/boek/redbad/