Ben Wester fan it Westfries Genootschap hat koartlyn in filmke fan it njoggende 'Friesendroapen' op Helgolân fûn, datearre op 18 juny 1986. It is item fan it doedetiids bekend tillevyzjeprogramma Van gewest tot gewest. It trijejierlikse Friezetreffen droech doe noch de namme fan "Sternfahrt der Friesen". De link - mei tank oan Ben Wester - is: https://schatkamer.beeldengeluid.nl/serie/2101608030021575731/van-gewest-tot-gewest/aflevering/210160806004740623 Mear ynformaasje oer dit filmke folget nei alle gedachten ynkoarten. [Foto: Minderheitenrat]
17 juny: 600 jier Fryske Frijheid yn Noard-Fryslân
600 jier Fryske frijheid yn Noard-FryslânIt Nordfriisk Instituut fiert op wopansdei 17 juny, om 16:30, yn de Nicolai-tsjerke fan Bualigsem (Boldixum) op Feer (Föhr) it jubileum fan 600 jier Fryske Frijheid. Prof. dr Andreas Deutsch sil in taspraak hâlde en der is live muzyk. Dêrnei wurde jo útnûge foar in hapke yn de Nationalparkhalle (busreiske).Programma:Hinnereis: 15:05: fearboat fan Dagebüll en 15:15 Uhr: fearboat fan Wittdün (Amrum). Bustreis nei de tsjerke.Weromreis: 19:00 Uhr: fearboat nei Amrum mei in spesjale, fergese fearboat nei Dagebüll. Jo kinne jo ((fluch!) opjaan by Henriette Boysen (boysen@nordfriiskinstituut.de)
Moai Upstalbeam-treffen oer en mei de jeugd fan de Fryslannen
Op pinkstertiisdei 26 maaie (2026) kamen sa'n santich of mear minsken by it jierlikse Upstalbeam-treffen byinoar oer it tema "de jeugd yn de Fryslannen". De twa foarnaamste sprekkers wiene fyftjin en sechtjin jier âld (resp. David Kloosterman fan de Harkema en Freja Pfanne fan Aurich). David spruts yn it Frysk en oer it Frysk: hoe't dy taal hjir (by ús) bestean bleaun is en dêr (by Aurich en yn Grinslân) troch it Platt ferkrongen is. Freja hie - yn datselde Platt - in mear persoanlik praatsje. Se spilet by it platdútske toaniel yn in musical "De lytse dei". Dêr hat se net allinnich leard hoe't je op it poadium rinne en stean moatte. Se hat har ek de taal fan har heit en mem machtich makke. "Platdútsk prate fielt hiel oars as Heechdútsk - it ritme en de meldij."De jeugd hat net allinnich de takomst, mar ek de apparatuer, sa hat dy jûn ús leard. Ut Freja har praatsje die bliken dat de taallear-app "Plattino" (troch it Platt-Büro fan de Ostfriesische Landschaft útbrocht) de jongerein gâns fertuten docht. Rico Mecklenburg, de foarsitter fan de Landschaft, hie dy "app" al mei grutskens yn syn wolkomswurd neamd. De jonge muzikant Christoffer Krull song tuskentroch mei de gitaar by de hân oer hjoed en juster. Yn it Platt fansels, mei of sûnder help fan Plattino.It wie in noflike jûn mei moai waar. Yn 'e bosken fan Aurich hiene je ek gjin lêst fan de gleie sinne.Bouke SlofstraFoto: Klaus Bostelmann