Titus Brandsma yn Jever
De Noardfryske histoarikus Thomas Steensen hold by it jubileumkongres yn Jever fan dit jier in praatsje oer de skiednis fan de ynterfryske beweging. Dêrby waard fansels de earste moeting, hûndert jier lyn yn itselde slot Jever, net oerslein.Steensen brocht dêrby in opmerklik feitsje op it aljemint. Ien fan de oanwêzigen yn 1925 wie de wrâldferneamde sillige (1985) en hillige (2022) Titus Brandsma fan Oegekleaster (1881-1942). Brandsma ferswijde nei de saneamde Machtübernahme syn miening oer it nije Dútske bewâld net. Yn 1942 soe er yn konsintraasjekamp fan Dachau ferstjerre.(Itselde lot trof oars ek oare roomske geastliken, benammen yn it bisdom Münster, wêr't biskop von Galen him fûleinich tsjin de nije machthawwers kearde.) De Fryske beweging hat it nasjonaal-sosjalisme faker as ienris troffen, sawol op in 'goede' wize as op in 'foute' wize. (It skiedniswurk fan Gjalt Zondergeld mai bekend ferûndersteld wurde.) Steensen wiist derop dat de ynterfryske beweging him gelokkich net samar meisûgje litten hat, de seksje 'west' (westerlauwersk) yn alle gefallen net."Nach den Tagungen in Jever, Ljouwert und Husum – wo 1930 der erste Friesenrat gegründet wurde – sollte 1933 der vierte Friesenkongress im ostfriesischen Aurich stattfinden. Aber die Westfriesen lehnten es ab, in dieser Zeit nach der Machtübernahme der Nationalsozialisten an einer Tagung in Deutschland teilzunehmen. Auch ein später geplanter Kongress in Aurich wurde abgesagt – zum Glück, müssen wir sagen."Sa't bekend is, waard de karmeliter mûnts Brandsma yn 1923 heechlearaar oan de gloedglandernije Katholieke Universiteit fan Nijmegen. Yn 1938 wie er by de oprjochting fan de Fryske Akademy behelle. Dat lêste is miskien net rûnom bekend.Miskien moat der yn 'e frysksinnige rûnten mear omtinken foar Bandsma komme, mar folslien ôfwêzich is dat omtinken ek net.Liuwe Westra wie net sa lang lyn mei in lyts selskip op 'en paad yn it ramt fan "Tsjerkepaad". De kuier gong troch Boalsert, it weiwurden 'olde clooster' Bloemkamp en it 'belevingspunt' by Hartwert. Dat wie in moai earbetoan foar in hillich man.Op 'e foto fan Jever 1925 stiet Titus Brandsma as fjirde fan rjochts (mei it r^ne briltsje) yn de middelste rige.