Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Tjits yn it Sealterlân

Oarekant de Lauwers wenje ek Friezen dy't in soarte fan Frysk prate. Dat is gelokkich net allinnich by de Fryske Rie bekend.En yn ús provinsje wurde mear 'Frysken' praat as it Frysk dat wy sa neame. Eilauners (op Skiermûntseach), Aasters (op Skylge) en Hylpers bygelyks.Tjits van der Wal (fan Tjits Floch) hat mei har ploech fan Omrop Fryslân in fleurige rige fan reportaazjes makke op plakken dêr't sokke 'Frysken' yn libben gebrûk binne.De rige hat de titel Fier yn it rûn, mar dat sil jo bek4nd wêze. Ien fan dy ôfleveringen giet oer it Sealterlân, dat se dêr sels dät Seelterlound neame, en dat op 'e kaart as Saterland bekend stiet.Tjits giet op besite by Veronika Pugge fan it Seeltersk Kontoor, op it Räidhuus (Riehûs) yn Romelse (Ramsloh). Yn Cloppenburg (bûten it Sealterlân) treft se de myzykmakkers Marion Erdmann, Helga Mödden en Ingeborg Remmers fan do Ulkige Wuchtere ('de glûpige famkes'). At jo it filmke besjogge - en benammen en beharkje - sil jo fernimme dat it Sealtersk eins wol aardich nei te kommen is.https://www.omropfryslan.nl/nl/tv/aflevering/fier-yn-it-run/1311942
Mear lêze...

Jierrekken

Jierrekken oer 2025De boekhâlding oer it ôfrûne jier is hjir yn te sjen.Tank oan Ponghâlder Klaas Pool. De jierrekken is troch de kaskommisje yn oarder befûn. Décharge ferliend op de gearkomste fan 11 febrewaris 2026.De jierrekken is hjir yn te sjen (Word-bestân).Jierrekken 2025 Word.docx
Mear lêze...

21 febrewaris: mustsee-film AMRUM en Liwwarder taal- en keunstprojekt

Op 21 febrewaris (dei fan 'e memmetaal) sille EBLT, Mercator en filmhûs Slieker om 15:00 oere de film Amrum fertoane, dy't him op it lyknammige Noardfryske eilân ôfspilet.Dêrnei sil op itselde plak om 17:00 in Liwwarder taal- en keunstprojekt úteinsette, nei oanlieding fan it boek Ik rúk al aardech naar de skep fan Eza Efdé.De film Amrum giet oer in jonge fan tolve jier (Nanning), dy't yn Hamburg berne waard, en asdútsktalich bern op it eilân Amrum opgroeit en dêr de lêste dagen fan de Twadde Wrâldoarloch belibbet. Hy wennet mei syn men (yn 'kream), muoike en bruorke op in reidbetekke Amrumer pleats. Syn heit is as hege ofsier foar de Wehrmacht yn 'e skrep. In mannichte fan tema's komt yn de njoggentich minuten fan de film foarby: 'goed' en 'fout' (fansels), freonskip en loyaliteit, frjemd (oarstaligen, flechtlingen) en eigen en de feilige, ûnskuldige bernewrâld dy't ferlern giet.   Yn de film Amrum wurdt in soad 'eilanner' Noardfrysk praat, mar Amrum is perfoarst net in 'aardich' fersetsje oer Noardfryske folklore. Foar in 'noflik' útstapke mei film en popcorn kinne jo better wat oars útsykje. Mar wy ha hjir wol in kultureel hichtepunt by de ein, dy't jin op it moed taast en dy't de besiker net gau ferjitte sil.Amrum is de filmbewurking fan de lyknammige roman fan de ferneamde akteur en cineast Hark Bohm (1939-2025). Hy beskriuwt dêryn feitliken syn eigen jeugd op Amrum. De film is ek in projekt fan Hark Bohm, yn syn lêste libbensjierren. De regy hat er foar it grutste part oan syn 'learling' Fatih Akin oerlitten. Akin, fan Turks komôf, is ûnder mear bekend wurden troch syn film Gegen die Wand (2003). De film wurdt dy deis ynlaat troch frisist en Noardfryslân-kenner Henk Wolf. Henk Wolf hâldt him no benammen mei it Sealtersk dwaande, mar hy is ek in spesjalist op it gebiet fan it Noardfrysk. Hy hat meiwurke oan in kursus Noardfrysk (mei Ingo Laabs) en oant in pear jier ferlyn - kolleezjes yn it mooringer Noatrdfrysk jûn.   Dy deis klinkt ek it startskot foar in taal- en keunstprojekt foar de promoasje fan it Liwwadders mei de presintaasje fan trije Liwwadder spesjaalbierkes fan Brouwerij Grutte Pier, dy’t ynspirearre binne op it boek Ik rúk al aardech naar de skep fan Ezra Efdé. Liwwarder sprekwurden en siswizen sille oan 'e oarder komme.Jo kinne oer dat programma mear lêze op it webstek fan it EBLT:  https://www.eblt.nl/it-noardfrysk-en-liwwadders-klinke-mei-in-film-en-bier-op-ynternasjonale-memmetaaldei/
Mear lêze...