Ynterfryske ferklearring

  • Rekken hâldend mei de mienskiplike skiednis fan de trije Fryslannen,
  • erkennend dat de Friezen de wil hawwe om oer de nasjonale grinzen hinne yn in mienskiplik Europa harren eigen taal en kultuer en dêrmei ek harren eigen identiteit yn de takomst te behâlden,
  • ússels derfan bewust wêzend dat it in frije kar is om ta it Fryske folk hearre te wollen,
  • der rekken mei hâldend dat yn Fryslân, Noard-Fryslân en yn Sealterlân de Fryske taal, yn East-Fryslân it Leechdútsk yn it middelpunt fan it kulturele wurk stiet,
  • yn oerienstimming mei it Ramtferdrach fan de Europeeske Rie ta beskerming fan nasjonale minderheden en it Europeeske Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden en
  • mei in berop op it Frysk Manifest út 1955,

ferklearje wy as yn de Ynterfryske Rie fertsjintwurdige Friezen:

Wy hearre ta mear as ien steat, mar fiele ús dochs, nettsjinsteande alles wat ús skiedt, as hearrend ta ien folk, dat neffens wenst en wollen de eigen taal ûnderhâlde en útbouwe wol.

Wy wolle ús taal, dy't foar ús identiteit beskiedend is, befoarderje en útbouwe. Wy dogge in berop op alle offisjele en net-offisjele ynstânsjes, benammen pjutteplakken, skoallen, tsjerken, “Landschaften”, iepenbier bestjoer, ferienings en media om ús by ús stribjen nei befoardering fan ús taal te stypjen.

Wy befoarderje en ûnderhâlde ús mienskiplike Fryske kultuer, dy't mei ús eigen taal ferbûn is. Wy roppe - yn de geast fan it Hânfêst en it Ramtferdrach ta beskerming fan nasjonale minderheden - de Bûnsrepublyk Dútslân en it Keninkryk fan 'e Nederlannen op om it wurk fan ús Fryske ynstitúsjes, ynstellings en ferbannen sa te befoarderjen, dat wy Friezen de stipe krije dy't oan de Europeeske standert foldocht.

Wy, Friezen yn Noard-, East- en West-Fryslân, wolle elkoar bystean yn Fryske oangelegenheden.

Wy wolle de gearwurking fuortsterkje om de eigen taal, kultuer, wittenskip, literatuer en alles wat rjochte is op skeppend wurk, te befoarderjen, mei it doel dat it taalkundich en kultureel ferskaat yn de Fryslannen en yn Europa ek yn de geast fan de UNESCO- konvinsjes fuortsterke wurdt.

Us wurk fynt syn grûnslach yn it bewustwêzen dat wy yn de trije Fryslannen yn ien mienskip libje mei minsken dy't har neffens komôf, taal of op oare grûnen net as Friezen beskôgje. Dat gearlibjen easket respekt en tolerânsje fan wjerskanten en dat stribje wy ek nei. Wy binne derfan oertsjûge dat wy dêrmei ek bydrage oan de frede yn ús diel fan 'e wrâld.

 Oannommen yn de miene gearkomste fan de Ynterfryske Rie op 5 maaie 2006 yn de Nordseeakademie yn Leck, Nordfriesland. 
 Op 7 maaie 2006 ûnderskreaun troch de foarsitters fan de ûnderskate seksjes: Noard, East en West. 
 Op 23 novimber 2006 Fryske tekst autorisearre yn de gearkomste fan de Fryske Rie te Ald Beets. 

Basearre op it Frysk Manifest (Friesisch Manifest) út 1955 (sjoch Publikaasjes)