Yn de LC: Frouljusmoeting

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes.Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it MercatorEuropeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan demeartalige film Der Krug an der Wiedau/Æ kro ve æ Virå/ E krouf bai e Wiidou/…
De uterste opjeftedatum foar it kongres is ferlingd oant 11 septimber! Utnûging foar it 28e Ynterfrysk Kongres op 15, 16 en 17 Septimber yn Ljouwert / Dokkum. It folslein program fan it Ynterfrysk Kongres is hjir te finen:Program Ynterfrysk Kongres
Op 17 septimber 2022 wie it Ynterfrysk Kongres yn Dokkum. Hjirby de meartalige kongresútjefte mei de bedragen fan de ferskate sprekkers, plus alle presintaasjes. It kongres is ienris yn de trije jier yn Westerlauwersk Fryslân, Noard- en East-Fryslân as ôfsluting foar it trijejierrich foarsitterskip fan de Ynterfryske Rie/Interfriesischer Rat. Yn 2021 siet it foarsitterskip fan…
Der binne wer sawat wer trije jier om en it tradisjonele trijejierlikse Friesendroapen sit der wer oan sit te kommen, en wol fan freed 20 oant en mei snein 22 maaie 2022. De sintrale organisaasje is diz’ kear yn hannen fan Seksje Noard (Noard-Fryslân/Dútslân). Hjirby fynsto/fine jo de útnûging en it programma: Download hjir de…
Froulju, de oanmeldings komme al binnen, mar der is noch plak. It opjaan is no yn alle gefallen ferlingd oant 30 juny! Fan 13 oant 16 septimber 2022 organisearret de Fryske Rie wer in ynterfryske frouljusmoeting. Dat twajierlikse barren is diz’ kear yn in groepsakkommodaasje yn Eastermar, yn ús, Westerlauwersk, Fryslân. Dielname stiet iepen foar…